Buro de Vries fan 5 april 2015 11:00

Frijwillige fûgelwachters op Skylge * Yn Memoriam: Gysbert Jaarsma * werom nei 1975 doe't de aaisikers poerrazend wiene * Sjouke Lousma ûnderweis yn Drachten * kollum Bart Kingma * it nijsfoarum * lêste koarte ferhaal fan Nyk de Vries

Steatsboskbehear wurket mei 85 frijwillige fûgelwachters

Fan 'e wike wie it foar it earst dit seizoen dat de twa keten fan steatsboskbehear op de Boschplaat op Skylge wer beset wiene. Yn dy keten wenje en sliepe fûgelwachters, dy't dêr in wike bliuwe. Buro de Vries prate mei ien fan dy frijwilligers: Jaap de Jong fan Skylge. Earst hearre we de man fan steatsboskbehear dy't dat frijwilligerswurk koördinearret: Jan Ellens.

Yn Memoriam: Gysbert Jaarsma

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Bouke Bouma fan Kleaster Eanjum.

Nostalgy: werom sjen nei it aaisykjen yn 1975

It is nostalgy wykein by de Omrop en dus ek by Buro de Vries. We binne yn ús argyf dûkt en kamen by it jiertal 1975 in nijsgjirrige reportaazje tsjin. In reportaazje oer opskuor yn Fryslân omdat it regear besletten hie dat der tenei mar oant 6 april aaisocht wurde mocht. De aaisikers beleinen in aksjebyienkomst op It Hearrenfean. Gjalt de Groot fan Holwert wie doe 30 jier en as foarsitter fan de fûgelwacht Raerderhim wie hy derby. We sjogge mei him werom op dy byienkomst.

Sjouke Lousma ûnderweis yn Drachten

Sjouke Lousma is ûnderweis yn Fryslân. Hy bedarret by Drachten op in folkstúntsje dêr't er twa manlju treft.

Brief oan....... Halbe Zijlstra

De kollum fan Bart Kingma. Hy skriuwt alle kearen in brief. Dizze kear rjochtet er him ta Halbe Zylstra, de Fryske politikus dy't fraksjefoarsitter is fan de VVD.

It nijsfoarum

The Passion of de Mattheus Passion? Of beide? De kolleezjefoarming en de deputearre dy't waarnimmend boargemaster wurdt.... it binne saken dy't oan de oarder komme yn it nijsfoarum, dat ûnder lieding stiet fan René Koster. De fêste foarumleden Wini Weidenaar en Romke Postma wurde dizze kear bystien troch âld-deputearre Tineke Schokker.

It lêste ferhaal fan Nyk de Vries

Mear as twa jier hat Nyk de Vries it lêste wurd hân yn Buro de Vries. Mei in ultrakoart ferhaal dat faak in glimk oprôp, diene we de doarren fan it Buro wer ticht. Dit is it lêste koarte ferhaal fan Nyk, mei de tapaslike titel: it lêste ferhaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)