Buro de Vries fan 4 septimber 2016 11:00

Heit Harm en dochter Jeske van der Pal prate oer harren relaasje en oer saken dy't har dwaande hâlde. Harm wie in grut reedrydtalint ein 70, begjin 80 er jierren, mar dêr kaam troch in ûngelok in ein oan. Hy bedarre yn de sjoernalistyk. Dochter Jeske is ynternasjonaal fotomodel.

Yn ús argyf kamen we prachtige opnamen tsjin fan in rekôr mei in strieljager boppe It Amelân. It wie yn 1949 mei de earste Nederlânske strieljager, de Gloster-Meteor. Fierder Rixt van der Horst. Op it stuit is se in Rio om letter dizze wike yn aksje te kommen op de Paralympyske Spelen. En in petear fan acht jier lyn mei de Poalse Hanna, se rûn doe yn in grut silveren gewaad op de seedyk.

Harm van der Pal en syn dochter Jeske

Heit Harm en dochter Jeske van der Pal prate oer harren relaasje en oer saken dy't har dwaande hâlde. Harm wie in grut reedrydtalint ein 70, begjin 80 er jierren. Op syn 22ste kaam dêr nei in slim ûngelok in ein oan. Der folge in lange revalidaasjeperioade. Yn dy tiid learde hy syn frou Antsje kennen en yn 1996 waard harren iennige dochter Jeske berne. Jeske waard twa jier lyn op de hûshâldbeurs ûntdutsen troch in modelle-skout en nei't se har VWO diploma helle hie besleat se har te rjochtsjen op dat modellewurk. It ôfrûne jier is se de hiele wrâld oerflein foar fotoshoots en wie har gesicht te sjen op de covers fan grutte tiidskriften.
Yn Buro de Vries prate we oer it dûkûngelok, de heit-dochterrelaasje, it modellewrâldsje, de soargen dy't heit soms hat oer syn dochter en ek oer de beroerte dy't Harm 2 jier lyn krige. It sette syn wrâld op 'e kop en feroare him.
In yndruk fan Jeske har libben: http://www.toeps.nl/blog/tag/jeske-van-der-pal

Hichterekord mei de Gloster Meteor boppe Amelân

De oanskaf fan 37 JSF tastellen hat al in hiel soad diskuzjes oplevere en dêr liket mar net in ein oan te kommen. Dizze wike kaam nei bûten dat it kanon oan board net altyd goed richte wol. Kûgels wike ôf. De SP is bang dat it ús noch mear kostje sil. Yn ús argyf fûnen we moaie opnames oer de earste Nederlânske straaljager: de Gloster Meteor. 1949 wie it, jild en oerlêst wiene gjin tema's. Nee, it klonk as ien grut avontoer.

Rixt van der Horst, twa jier lyn

De olympische spelen ha west, Rio makket har no op foar de paralymische spelen. Ien fan de medalje-kânshawwers yn de Nederlânske ploech is 24 jierrige Rixt van der Horst. De amazone stiet al jierren oan de top fan de para-dressuer. Rixt komt fan Grou. It ôfrûne jier ferhuze se nei Brabân omdat dêr mear wedstriden binne en har reservehynder dêr stiet. Yn septimber 2014 sochten wy har op doe't Rixt krekt werom wie út Normandië. Op it WK hie se dêr twa kear goud helle en in sulveren medalje mei it Nederlânske team. Yn Burgum op stoeterij it Heechhiem ride troffen we har mei har heit en har tophynder Unyk.
http://www.rixtvanderhorst.nl/

Poalske Hanna yn har sulveren gewaad op de seedyk

Yn 2008 luts op de seedyk by Harns in sulveren ferskining ús oandacht. Nijsgjirrich as we binne, stapten we der op ôf...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)