Buro de Vries fan 4 oktober 2015 11:00

  • Spiler wurdt laden

* It Buro op Gryn, ûnbewenne eilân yn it Waad * YM Durkje Grypstra Banga * Thús yn Fryslân, mar it leafst werom nei Syrië * Sjouke Lousma ûnderweis tusken Skearnegoutum en Snits * Kollum Anje Wester Koopmans * Fjetnameeske boatflechtlingen tusken 1979 en 1981 opfongen op kemping It Wiid by Earnewâld * Us Doarp (4)

Gryn as rêdingsboei

  • Gryn út de loft wei besjoen
  • Sicht op it húske
  • De kwelder op Gryn

It net tagonklike eilân Gryn is ferskriklik wichtich foar de tûzenen fûgels dy't dêr útrêste op harren trek nei it noarden of suden en foar de fûgels dy't dêr briede. It leit midden yn de Waadstee tusken Harns en Skylge en nimt yn it al tige wichtige ekosysteem fan de Waadsee in hiel bysûnder plak yn. Sa bysûnder dat it in artikel 20 gebiet is: it is ferbean gebiet foar minsken. Natoermonuminten hat it eilân yn behear. It Buro mocht fan 'e wike mei op in reiske fan Natoermonuminten nei Gryn en makke in reisferslach.

YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. En dêrom alle wiken in Yn Memoriam troch Cor Waringa. Hjoed sjocht er werom op it libben fan Durkje Grypstra Banga.

Thús yn Fryslân, mar it leafst werom nei Syrië

  • Bahram Sulaiman spilet op de saz

Bahram Sulaiman flechte 15 jier lyn út Syrië en wennet en wurket no yn Easterwâlde. Sûnt acht jier hat hy dêr in eigen kapperssaak. No't sa'n soad Syriërs syn foarbyld folgje like it ús by it Buro in goed idee en sykje him ris op. Benijd nei syn ferhaal en hoe't hy tsjin de flechtelingestream fan dit momint oansjocht.

Sjouke Lousma ûnderweis

Underweis yn Fryslân komt Sjouke Lousma altyd nijsgjirrige minsken tsjin dêr't er dan in praatsje mei makket. Hjoed in petear mei in echte bisteleafhawwer.

Kollum Anje Wester Koopmans

De kollum komt hjoed fan Anje Wester Koopmans, ûndernimster út Earnewâld.

Fjetnameeske boatflechtlingen yn Earnewâld

  • Jan Smidstra en Piet van Putten
  • Juf Sytske en de kleuters: fjouwer út Earnewâld, njoggen út Fjetnam
  • Piebe Wester

30 april 1975 kaam der in ein oan de Fjetnam oarloch. De kommunisten waarden de baas. Elts dy't mar in bytsje fertocht wie waard opsletten of slimmer noch, riskearde de kûgel. Tusken '75 en '95 flechten rom 8500 Fjetnamezen nei it bûtenlân. In part derfan kaam nei Nederlân lykas nei Earnewâld. It lytse skoaltsje fan Jan Smidstra wurdt fan de iene op de oare dei trije kear sa grut.
Fierder prate we mei: Gosse Terpstra, doetiids de ferantwurdlik wethâlder yn Tytsjerksteradiel. Piet van Putten, maatskiplik wurker en koördinator fan it opfangsintrum. Piebe Wester, op dat stuit behearder fan de kemping. En mei Pham Thi Thu Minh, sy is 32 jier at se beslút te flechtsjen út Fjetnam.

Us Doarp (4)

We folgje fan it Buro út al wer in tal wiken de doarpen yn De Trynwâlden. Om't se dêr, krekt as op in soad oare plakken, ûnderweis binne nei 'it doarp fan de takomst'. Doarpen dy't miskien it ien en oar kwytreitsje oan foarsjennings, mar tagelyk nije foarmen fine om as lytse kearn leafber te bliuwen. Ideeën út de doarpen sels binne de basis, de gemeente bliuwt wat mear op ôfstân. Hjoed komme we yn de kunde mei Siemon van de Meulen, hy is de doarpekoördinator fan de gemeente Tytsjerksteradiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)