Buro de Vries fan 4 novimber 2012

  • Spiler wurdt laden

Hjerst, oeral blêden, ferfelend en lêstich of ... makket it de man yn ús los.
It sweltsje, as tatoe op de brede boarst fan seelju, mar ek borduerd troch keunstner Henrike Gootjes.
Aparte hannel yn 'Underweis': Sjouke Lousma treft in fertsjintwurdiger yn sperma
en in Yn Memoriam troch Cor Waringa. Hjoed Tini Brada fan Ljouwert.

Yn de twadde oere in registraasje fan de earste Menno Simons lêzing. Abram de Swaan oer it ûnderwerp: Massaal geweld as manifestaasje fan it kwea.

Blêdblaze

Hjerst, de blêden falle fan de beammen. Moaie kleuren, mar we ha se leaver net op it túnpaadsje. De manlju hjir oan it Buro wolle wol oan 'e slach mei in blêdblazer, mar hoe?

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Tini Brada fan Ljouwert

Borduerde sweltsjes

In tatoeaazje omsetten yn fine krúskes fan tried, borduerd op in stikje stof. Foar har keunstprojekt "Oh my sweet sailor" hat de Ljouwerter keunster Henrike Gootjes froulju frege om tatoaazjes fan sweltsjes te bordueren. Se frege de froulju har yn te tinken hoe't it is om in man op see te hawwen. En om dêr in ferhaal oer te skiruwen. Se sette in oprop op Facebook, en dêrmei fleagen de sweltsjes it lân oer. Yntusken hat Henrike mear as 50 brieven mei ferhalen en borduersels werom krigen....

Underweis (1640)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fannemoarn is hy yn Wytmarsum. Hy treft in fertsjintwurdiger yn sperma; aparte hannel is dat.

Lêzing Abram de Swaan

Massaal geweld, dêroer gie de earste Menno Simonslêzing dy't 20 oktober plakfûn yn de mennistetsjerke yn Ljouwert. Abram de Swaan, emeritus heechlearaar sosjale wittenskippen, fersoarge de lêzing. Hy is dwaande mei in boek oer 'genocidale' rezjyms, en har moardners. De titel fan it boek, dat noch net klear is, hyt "How could they", hoe koene se.
Hy beskriuwt dêryn hoe't 'het kwaad' tsjintwurdich net mear sjoen wurdt as geweld tsjin God, mar foaral as geweld tsjin elkoar. Mei de holocaust dêryn as absolute djiptepunt. Om't elkenien soks hiel bot fersmyt, der sit in moreel oardiel yn dus, is it ek hiel moeilik om dit geweld te bestudearjen. Dochs hawwe ferskillende wittenskippers besocht om de agressive oanstriid fan minsken - meastal manlju - te ferklearjen. Te begjinnen by de bisten dy't it meast op minsken lykje: de apen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)