Buro de Vries fan 4 jannewaris 2015 11:00

* In griene smoothie * Tony Beets, goudsiker yn Kanada * YM Pytsje Boschma-vd Schaaf * Underweis * Kollum Bart Kingma * Minút fan Nyk * Nijsfoarum *

En no wer sûn(er) ite!

De feestdagen binne wer foarby en de goede foarnimmens moatte útfierd. Nei al it lekkers fan desimber no wer gau yn foarm komme mei sûn iten. Annemiek de Lang fan Ljouwert jout advizen foar in sûn ytpatroan, ûnder oaren mei it programma Leef Bewust en Geniet. Oan Omrop Fryslân fertelt se oer de ynfloed fan sûn iten, en se dielt it resept foar in "griene smoothie".

* 1 banaan * 1 par * in heale avokado * in heale mango * hantsjefol boerekoal * kopke wetter * in heale limoen
Snij de banaan, par, avokado en mango yn stikjes en doch se yn de blender. Doch de wetter by oant de stikjes hast ûnder wetter stean en knyp de limoen derboppe út. Doch dan de boerekoal derby en set de blender oan oant der in ljochtgriene drank ûntstiet. Wat wetter der by at it te tsjok is. Mear boerekoal tafoege mei ek. Sjoch ek op www.annemiekdelang.nl

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Pietsje Boschma-van der Schaaf.

Tony Beets: Fryske goudsiker op TV

Yn jannewaris is yn Nederlân it nije seizoen fan de Goldrush te sjen: in TV-searje oer goudsikers yn Noardwest-Kanada. Ien fan de haadpersoanen is Tony Beets. Hike en tein yn Burchwert, mar 34 jier lyn emigrearre nei Kanada. In opfallende man; lang hier, grut burd en in soad rûch praat.

Sjouke Lousma ûnderweis (1717)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

Kollum Bart Kingma

De kollum komt hjoed fan Bart Kingma, skriuwer en programmamakker by Omrop Fryslân.

It nijsfoarum bepraat saken dy't yn it nijs west ha

Op de earste snein fan de moanne skoot it nijsfoarum oan. Wini Weidenaar en Romke Postma binne de fêste foarumleden. Op de earste snein fan 2015 is boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert it gastfoarumlid. In pear ûnderwerpen dy't oan de oarder komme:
Wol of net fjoerwurk ferbiede?
Pinautomaten yn lytsere kearnen ferdwine. Moatte dêr ek regels oan ferbûn wurde?
De milleniumdoelen fan 2000 moatte yn 2015 helle wêze, slagget dat?

De minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Pastinaak mei moster.
http://www.nykdev.nl/

12:06 - Remmelt & Muus - If We Should Fall
12:13 - Beatles - In My Life

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)