Buro de Vries fan 4 desimber 2016 11:00

It âldste hûs fan Smellingerlân krijt eigen adres * Nij histoarysk boek oer Mennisten yn Fryslân * YM Ybe Duursma * Nijsfoarum mei Geesje Duursma, Rendert Algra en Sicko Heldoorn

It âldste hûs fan Smellingerlân krijt eigen adres

It âldste hûs fan Smellingerlân krijt in eigen adres. De lytse pleats út 1668 stiet yn de eftertún fan Nijtap 3 yn De Pein. Hoe't dat sa kommen is, en werom it no oars moat fertelt eigener Auke Scholma, en ja, dat is dy Fryske dammer dy't yn Grinslân wennet.

Mennisten yn Fryslân

De doopsgezinde beweging hat in wichtige rol spile yn de Fryske skiednis. In beweging dy’t yn de 16-de iuw ûnstie nei de ôfskieding fan de roomske tsjerke troch de Wytmarsumer geastlike Menno Simons. Syn tinkbylden oer de folwoeksen doop en geweldloasheid waarden de basis fan de Mennisten of dopersken. Yn de earste twa iuwen nei de ôfskieding wie der in protte striid, mar dêrnei kaam de beweging yn rêstiger farwetter. Histoarikus Cor Trompetter út Wolvegea hat de skiednis fan dizze striid beskreaun yn it boek Doopsgezinden in Friesland. It boekje waard koartlyn by Tresoar yn Ljouwert presenteard. Sybren Terpstra gong mei Trompetter nei it Menno Simons monumint oan It Fliet yn Wytmarsum. http://www.bornmeer.nl/winkel/doopsgezinden-in-friesland/

YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Ybe Duursma.

Nijsfoarum

Hjoed mei Rendert Algra, Corlienke de Jong en Sicko Heldoorn.

11:09 - Sting - Nothing 'bout Me
11:24 - Clarence Clemense & Jack Brown - You're A Friend Of Mine
11:41 - Herman Van Veen - Suzanne
12:08 - Beautiful South - A Little Time

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)