Buro de Vries fan 4 augustus 2013

Dizze snein ien oerke Buro de Vries. In moai oerke oer freonskip, tussen 11:00 en 12:00 oere.
FREONSKIP
Skriuwster Marga Claus út Easterein giet mei har freondinne Aaltsje de Jong út Blessum faak te kanofarren. Frij yn de natoer, sûnder horloazje, tillefoan of tablet meitsje se prachtige tochten yn binnen- en bûtenlân. Harren freonskip is foar beide fan grut belang. Ek yn tiden dat it wat minder giet of as der besluten nommen wurde moatte, kin se elkoar stypje.
Snein yn Buro de Vries mear oer har freonskip.

SC CAMBUUR-NAC Breda
Nei tolven nimme ús kollega's fan de sport it oer: Cambuur spilet dan syn earste wedstriid yn de earedivyzje.

Marga Claus en har bêste freondinne

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)