Buro de Vries fan 31 maaie 2015 11:00

  • Spiler wurdt laden

Selsmakke sinnebrân fan krûden * Toplobbyist Wytse Russchen yn Brussel * Aktrise Anna Raadsveld * YM Henk Boonstra * Kollum Anje Wester Koopmans * Eelke Lok en Wim Duisenberg yn 1978 * Sjouke Lousma ûnderweis

Selsmakke sinnebrânkrêm fan krûden

Tjitske Postma fan de Krûdwiizer yn Noardburgum sil op tiisdei 9 juny yn de Krûdhof yn Bûtenpost in workshop 'sels sinnebrânkrêm meitsje' jaan. Oan Buro de Vries joech se in foarpriuwke. Minsken dy't de workshop folgje wolle kinne har oanmelde op de site fan de Krûdhof. www.dekruidhof.nl

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries.

Anna Raadsveld, út 'Goedenavond dames en heren'

  • Anna Raadsveld

As Ietje van Dijk wie se de ôfrûne wiken te sjen yn de TV-searje 'Goedenavond Dames en heren'. En yntusken stiet se alwer op de planken mei it Nationale Toneel: Anna Raadveld, hike en tein yn Drylts en Snits. It stik Solness dêr't se yn spilet komt op 22 oktober yn 'e Harmonie yn Ljouwert. Us ferslachjouwer Botte Jellema trof har yn Amsterdam.

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

De kollum fan Anje Wester Koopmans

De kollum komt dizze snein fan Anje Wester Koopmans, ûndernimster fan Earnewâld.

Wytze Russchen, in Fryske toplobbyist yn Brussel

  • Gebou fan de Europeeske Kommisje yn Brussel
  • Tytsy Willemsma yn Brussel

Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa moat him yn 2018 net allinnich yn Fryslân presintearje, mar ek yn Brussel, de permaninte haadstêd fan Europa. Toplobbyist Wytze Russchen, oarspronklik fan Drachten, mar no al mear as 20 jier yn Brussel, sjocht it al hielendal foar him; in grutte Fryslândei mei fierljeppe en keatse op it Lúksemboarchplein foar it Europeesk parlemint, in alvestêdetocht lâns de Europeeske ynstituten en fansels ek bearenburch. Ut leafde foar it heitelân wol Russchen de organisaasje fan sa'n dei wol belangeleas op 'e noed nimme. Russchen die dit oanbod oan de provinsje Fryslân foar de mikrofoan fan ferslachjouwer Onno Falkena. Hy folge Russchen begjin dizze wike in dei lang op syn tocht troch de Europeeske wyk fan Brussel.

Njonken Russchen sels trof er ek lobbyiste Tytsy Willemsma fan de noardlike provinsjes en publisist Milos Labovic fan de website EU-know how. En op it terras wie der sels noch in koarte moeting mei Prins Constantijn, ek al goekunde fan lobbyist Russchen.

It wie ...

Eelke Lok is in bekende namme by Omrop Fryslân. Hy wurket hjir al hast syn hiele libben en ynkoarten giet er mei pensjoen. Eelke hat in soad meimakke. Genôch om de kommende wiken werom te sjen op syn omrop ferline.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)