Buro de Vries fan 31 july 2016 12:00

Fanwege it PC Kafee is Buro de Vries in oere koarter.

Ofskiedspetear Peter de Jong

Juster is it skûtsjesilen wer útein setten. Earst twa wiken SKS en dernei in wike IFKS. De SKS hat in nije foarsitter, René Nagelhout fan Wâldsein. Yn maart naam Peter de Jong nei 16 jier SKS-bestjoer ôfskie. Hy folge yn 2012 Bouwe Westerdyk op as foarsitter. Dêrfoar wie er siktaris en fise-foarsitter. We sochten him yn maart op om dy 16 jier ris oer te eidzjen.

(werhelling fan 13/03/2016)

Boppe-op de toer fan Spannenburg

De Toer fan Spannenburg, by Tsjerkgaast, bliuwt ta de ferbylding sprekken: wat soe dêr no yn sitte, wat bart dêr binnen. It 122 meter hege betonnen beaken yn it Marrelân, wurdt noch faak de TV-toer neamd. Mar de eigener, Alticom yn Meppel, sprekt leaver fan in 'kommunikaasjetoer'.
De toer is goed 40 jier âld, mar de high-tec apparatuer is folslein by de tiid en sels al klear foar de takomst. Twa jier lyn krigen we fan Oane Pieter van der Schaaf in rûnlieding.

(werhelling fan 16 maart 2014)

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)