Buro de Vries fan 31 augustus 2014 11:00

Dizze simmer stiet it Buro yn it teken fan 'Freonskip' en 'Friezen thús yn Frankryk'. Yn Freonskip fertelle twa bêste freonen oer harren bân. Yn 'Friezen thús yn Frankryk' hearre je ferhalen fan Fryske emigranten.

Freonskip: Johannes Kramer en Johan Klijnsma

Freonskip: mei deputearre Johannes Kramer fan Sibrandabuorren. De FNP'er makket as bestjoerder lange dagen, is ek yn de partij sels warber en boppedat heit yn in húshâlding mei fjouwer bern. Dan bliuwt der net in soad tiid oer om freonskippen te ûnderhâlden, soene je tinke. Oft dat ek ècht sa is, fernimme we yn petear mei hìm en syn bêste freon Johan Klijnsma.

Friezen thús yn Frankryk (10): Frits Hoekstra

Yn it lytse doarpke Villaniere, noardwest fan Carcassonnais, wennet Frits Hoekstra. As we it doarp mei 125 ynwenners ynride sjogge we de Fryske flage al wapperjen. Wat in wolkom! Hoekstra wennet yn in grut hûs dat er sels bouwe litten hat. "It gong mei de bou allegear mis, de oannimmer gong fallyt en by de twadde krigen de boufakkers spul", dus hat hy alles fierder sels regele. It is in prachtich hûs wurden mei it sicht op 'e fallei.

Carcassonnais

Hoekstra is nei Frankryk ferhuze nei't syn frou ferstoar. "Ik woe net langer yn de wenbuorkerij yn Lippenhuzen wenje, it rôp te folle herinnerings op. Ik woe in nije start meitsje yn Frankryk". Hoekstra hie samar kontakt mei de Frânsen en fielt him hjir tige wolkom. Hy nimt ús mei nei Carcassonnais. It sintrum is de âlde sitadel, in grutte festing op de berg. Alles is goed bewarre bleaun. Eartiids ha de Kataren hjir ynsletten sitten doe't de roomske paus har útroeie woe.

Wurkje foar de BVD

Yn de tiid fan de kâlde oarloch wie Frits Hoekstra belutsen by it folgjen fan de CPN en har organisaasjes en hâlde kommunistyske ynfiltranten yn de PvdA yn 'e gaten. Hy wurke foar de BVD, de binnenlânske feilichheidstsjinst. "Yn dy tiid folgen we ek de aktiviteiten fan de IRA en de RAF. It wie fan 1971 oant 1987. It wie prachtich wurk. In soad kontakten yn it bûtenlân. Myn paspoart wie yn dy tiid op namme fan Frits Schotanus. As ik bygelyks nei London gong, wie ik dêr saneamd om histoarysk ûndersyk te dwaan. En yn Nederlân wurke ik saneamd by personielssaken fan in ministearje. Ek ús bern wisten net wat heit die. Sels myn frou fertelde ik net oer myn wurk." Neidat hy 15 jier út it wurk wie, hat er twa boeken skreaun oer syn baan by de BVD.

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)