Buro de Vries fan 30 septimber 2012

  • Spiler wurdt laden

Hjoed is it de "dei fan de natoer" yn de bosken fan Beetstersweach. Natoergidsen hâlde allegear ekskurzjes. Ien dêrfan giet oer mossen. Flip Soolman determinearret se en wit alles oer de ferskillende soarten.
'Galerie Peter Bax' is in begryp yn Snits. De galery bestiet no 20 jier, en yntusken is soan Redmer ek eigener.
Sjouke Lousma treft ûnderweis in stel dat oan in twadde aventoer begûn en Cor Waringa fersoarget wer in Yn Memoriam
In jier nei de wynhoas sjogge we yn Foudgum, stiet de skuorre fan de famylje Boersma al wer?
De kollum komt fan Bert Looper, direkteur fan Tresoar.
En wêr Maarten van Rossem is, hingje de minsken oan syn lippen. Earder dizze moanne spruts hy op in jûn yn de tsjerke fan Wier oer "fictie en werkelijkheid".

Fassinearre troch mossen

Hjoed is it de "dei fan de natoer" yn de bosken fan Beetstersweach. Natoergidsen hâlde allegear ekskurzjes. Ien dêrfan giet oer mossen. Flip Soolman determinearret se en wit alles oer de ferskillende soarten.

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed Jan van der Meer

Peter en Redmer Bax

Al 20 jier sit 'Galerie Peter Bax' yn it sintrum fan Snits. De galery presintearret en ferkeapet wurk fan sa'n 300 keunstners út binnen- en bûtenlân. Kwaliteit en orizjinaliteit binne foar eigeners Peter en Redmer, heit en soan, dêryn it wichtichste kritearium. Fanwege it jubileum is der fan 't wykein in oersjochtentoanstelling iepene mei wurk fan keunstners dy't al in hiel skoft oan de galery ferbûn binne.
http://www.baxkunst.nl/

Underweis (1635)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn treft hy in stel út Winsum dat oan in twadde avontoer begjint.

Bert Looper

De twadde oere fan Buro de Vries begjinne we alle sneinen mei in kollum. Dizze snein fan Bert Looper, direkteur fan Tresoar yn Ljouwert.

Maarten Van Rossem yn Wier

Histoarikus Maarten van Rossem hat altyd en oeral in miening oer. In hiel eigensinnige, faak ek. Begjin septimber hold hy in lêzing yn de tsjerke fan Wier. Foar wa't dêr net by wêze koe, stjoere wy no in koarte fersy fan syn ferhaal út.

Hoe is it no mei...

6 augustus 2011 fleach in wynhoas oer Noardeast Fryslân. De skuorre fan famylje Boersma yn Foudgum waard fol troffen. Rom in jier letter sykje wy Frederik Boersma op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)