Buro de Vries fan 30 desimber 2012

  • Spiler wurdt laden

De ein fan it jier is in tiid fan weromsjen. Wy dogge dat mei âld-minister Margreeth de Boer. Net berne yn Fryslân, mar altyd 'linked' oan ús provinsje. Dit jier naam se ôfskie fan de ried fan kommisarissen fan Omrin en earder wie se boargemaster fan Ljouwert.

2012 wie it jier fan de histoaryske bûtens. Hjir sjogge we op werom mei Yme Kuiper.
Cor Waringa ferhaalt oer it libben fan suster Kaper fan Hurdegaryp.
Yn Underweis de koster fan Jelsum, hy set alle grêfstienen op 'e foto.
En hoe't iis wetter skjin makket....kriptysk hè, mar it wurket echt.

Wetter suverje mei iis

Winter, iis en glêde diken. Struiauto's ride sâlt út en it iis raant fuort. Iis en sâlt giet net tegearre en dêr wurdt handich gebrûk fan makke by Wetsus. Wetsus is it wettertechnologysintrum yn Ljouwert. In tredde fan de promoasjeûndersiken dy't te krijen ha mei wettertechnology wurdt hjir dien. Undersiken dêr't it bedriuwslibben wat oan hat. Bygelyks: hoe krije we sâlt sa goedkeap en suver mooglik út wetter. Undersykskoördinator Doekle Yntema lit it ús sjen.

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Tjitske Kaper.

Yme Kuiper oer de Fryske bûtens

2012 wie it jier fan de histoaryske bûtens. Sa oan de ein fan it jier dus tiid om werom te sjen. Der is noch in tentoanstelling yn Tresoar oer tunen fan bûtens. Dêr treffe we Yme Kuiper, bysûnder heechleraer 'Historische buitenplaatsen en landgoederen'.

Underweis (1647)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn is hy by de tsjerke fan Jelsum.

Margreeth de Boer

Margreeth de Boer naam dit jier ôfskie fan Omrin, se wie foarsitter fan de ried fan kommissarissen. Earder wie se boargemaster yn Ljouwert en minister fan VROM. Se is ferbûn mei ús provinsje ek al is se hjir net berne. Har heit en mem wol en dy learden har it Frysk. Tusken 12:00 en 13:00 oere hjoed in lang petear mei Margreeth de Boer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)