Buro de Vries fan 3 novimber 2013

  • Spiler wurdt laden

Jolanda Cupido oer Greenpeace, ôfskie fan Bank Bercoop, Sjouke te wilsterflappen; it is ek dizze ôflevering wer ien en al ferskaat yn Buro de Vries.
Ha jo op- of oanmerkings, of in goeie tip, mail nei burodevries@omropfryslan.nl.

Jolanda Cupido oer har jierren by Greenpeace

De 30 bemanningsleden fan it Greenpeace skip "Arctic Sunrise" sitte noch altyd fêst yn Ruslân. Moandei bûgt it "Internationaal Zeerechttribunaal" him oer dy saak. Ruslân hat trouwens al witte litten dêr net oan mei te dwaan, mar wol iepen te stean foar 'in oare ôfwikkeling fan de sitewaasje'. It docht wat tinken oan 1990. Ek doe waard de bemanning fan in Greenpeace-skip oppakt yn Ruslân. Dêrby wie ek Jolanda Cupido fan Skylge belutsen. It Buro seach mei har werom en fûn parallellen mei de sitewaasje fan no.

Ym: radiodokumint foar ûnbekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Albert Venema.

Vader Jewsewy yn Rúslân

Earder dizze wike reizige in Noard-Nederlânske hannelsdelegaasje ôf nei Sint Petersburg. Ien fan de dielnimmers wie Vader Jewsewy, fan it Russysk Ortodoks kleaster yn Himmelum. http://www.kloosterhemelum.nl/index.php/nl/

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn treft hy by Iens twa wilsterflappers.

De miening fan...Gerrit Breeuwsma

Alle sneinen yn it Buro in kollum. Hjoed fersoarge troch Gerrit Breeuwsma, ûntwikkelingspsycholooch yn Grins.
http://gerritbreeuwsma.nl/

Ofskie fan Bank Bercoop

De bankekrisis, de bonussen, it gedoch mei derivaten en it gesjoemel mei de Liborrinte....
Der bliuwe net folle arguminten oer om banken noch te fertrouwen. Sels de grutte koöperative net, sa blykte fan 'e wike. Hiene we dy lytse pleatslike bank noch mar. Persoanlik, betrouber en oersichtlik. Yn Aldeberkeap hiene se sa'n eigen, koöperative bank: de Bank Bercoop. Mar dy gie op yn de Friesland Bank, dy't no wer opgiet yn de Rabobank. En dy stiet op it punt om de doarren fan it bankgebou yn Aldeberkeap definityf yn it slot te smiten....

Minút fan Nyk

  • Nyk de Vries

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsje fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Under de grûn.
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)