Buro de Vries fan 3 maart 2013

  • Spiler wurdt laden

As it thús fan in beskerme bist fuorthelle wurdt, moat der in nije foarsjenning makke wurde. Sa krije dwerchflearmuzen in nij ûnderkommen oan de Sintrale As.
Sjouke Lousma treft in frou dy't miljoenen folders troch de hannen hân hat.
Cor Waringa fertelt oer Gerk Zandberg fan Ljouwert.
En hoe't in tafel út Ljouwert wrâldferneamd wurdt, designer fan dit topmodel is Louise Cohen.

André Kuipers fleach 193 dagen om 'e ierde. En wat hat Kuipers eins mei Eise Eisinga. Ferline wike hâlde hy in lêzing yn de tsjerke fan Dronryp, nei ôfrin sochten we him op.
Kollumnist Gerrit Breeuwsma sit yn in dip en skriuwer Nyk de Vries is wer fan de partij mei ien fan syn koarte ferhaaltsjes.

In nij thús foar de dwerchflearmûs

Je moatte der mar nocht oan hawwe as flearmûs, wenje oan de drokke Hearrewei by Nyegea. De dwerchflearmûs fynt it net slim, hy hat in noflik plakje fûn yn de spou fan in pleats. Mar dy pleats moat wike foar de Sintrale As. No seit de wet dat der in nij thús komme moat foar dit beskerme bistje. Jasper Schut fan ekologysk ûndersyksburo Altenburg en Wijmenga lit ús de nagelnije flearmûsfilla sjen.

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Gerk Zandberg fan Ljouwert.

Multyfunksjonele tafel fan Louise Cohen

In túntafel as keunstobjekt. Mar in tafel dy't ek tige funksjoneel is. It hert fan de tafel kin je brûke as wynkoeler, BBQ of plak om iten te sieden. Dit ûntwerp fan designer Louise Cohen is sa stadichoan wrâldferneamd en in eyecatcher op grutte keunstmanifestaasjes. Dizze multyfunksjonele tafel stiet ek yn Ljouwert, yn de tún fan Louise Cohen, no brûkt troch de fûgels. www.louisecohen.nl

Underweis (1656)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn is hy yn Aldegea.

Kollum

Us wyklikse kollum komt hjoed fan psycholooch Gerrit Breeuwsma. Hy sit wat yn in dip....

Astronaut Kuipers yn Dronryp

Astronaut André Kuipers wie ferline wike snein yn Dronryp. Hy fertelde oer syn ûnderfinings yn de romte, mar ek oer Eise Eisinga, foar him in grut ynspirator.

Minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsje fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Karnaval.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)