Buro de Vries fan 3 jannewaris 2016 11:00

Meine Scheweer: nije foarsitter Lânskipsbehear Fryslân * Yn Memoriam: Jelle Bruinsma * earste diel fan rige oer it Frysk Orkest * Sjouke Lousma ûnderweis yn Snits * kollum Bart Kingma * it Nijsfoarum

Meine Scheweer: nije foarsitter Lânskipsbehear Fryslân

Meine Scheweer is sûnt koart, as opfolger fan Marian Jager, de nije foarsitter fan Lanskipsbehear Fryslân. Scheweer hat sa'n 20 jier wethâlder west op it Hearrenfean en dêrnei noch koart yn Boarnsterhim. Mar, nei syn stúdzje politikology wie syn earste baan: boer! It Buro wie benijd nei it ferhaal fan Scheweer en hoe't hy nei it lânskip sjocht. Foar in kuier troffen we him yn it lânskip efter syn eigen hûs yn Bontebok.

Yn Memoriam: Jelle Bruinsma

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Jelle Bruinsma.

Frysk Orkest: hoe't it begûn

Yn Buro de Vries in rige fan fjouwer ôfleveringen oer it Frysk Orkest en it 'Herenakkoord'.
Yn it earste programma prachtige opnamen út it argyf fan Omrop Fryslân en petearen mei û.o. alt-fioelist Leendert van der Zeep - hy gong fan it Frysk Orkest nei it NNO yn Grins - mei bassist Willem Nijenhuis en âld-direkteur fan it Frysk Orkest Henk Smink. Oene W. Nijdam wie muzykresinsint fan de LC, hy fertelt oer de sfear thús doe’t syn heit noch yn it orkest spile.

Sjouke Lousma ûnderweis yn Snits

Sjouke Lousma is op paad yn Fryslân. Underweis komt er nijsgjirrige minsken tsjin dêr't er in praatsje mei makket. Hjoed treft er op de folkstún yn Snits in man mei in moaie Fryske foarnamme.

De kollum fan Bart Kingma

Bart Kingma, televyzjeprogrammamakker, scenario-skriuwer en téatermakker skriuwt alle moannen in brief oan immen dy't yn it nijs stiet.

it nijsfoarum besprekt it nijs fan de ôfrûne tiid

It nijsfoarum besprekt it nijs fan de ôfrûne tiid. De fêste foarumleden Otto van der Galiën en Attje Meekma krije selsskip fan Anton de Haan, abbekaat op It Hearrefean en spesjalisearre yn asylrjocht.
Se prate ûnder oaren oer de gefolgen fan it ôfskaffen fan it molkkwotum, it ûnderbringen fan flechtlingegesinnen yn lytse doarpen, it ferbod op plestik taskes, de fjoerwurkproblematyk en elk fertelt wa't foar him of har de Fries fan it jier 2015 is.

11:09 - James Bay - If You Ever Want To Be In Love
11:21 - Bluebells - Young At Heart
11:32 - Sade - By Your Side
12:07 - Dakota Moon - Another Day Goes By
12:14 - Claudia De Breij - Mag Ik Dan Bij Jou
12:53 - One Direction - Perfect

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)