Buro de Vries fan 3 febrewaris 2013

  • Spiler wurdt laden

Guozzen komme meast negatyf yn it nijs, mar je kinne der ek ôfgryslik fan hâlde,
Sjouke Lousma treft fjouwer pylgers op in bankje yn Baard,
Cor Waringa fertelt oer suster Ulkje van der Heide,
en Jan Arends en Marijke Geertsma binne foar harsels begûn, harren earste produksje hjit Oarlochstriennen.

It dilemma fan famkes dy't net te lang wurde wolle. de 12 jierrige Rixt keas foar in pynlike operaasje.
De kollum komt dizze wike fan Gerrit Breeuwsma
en Nyk de Vries traktearret ús wer op in lyts ferhaaltsje.

Leafde foar guozzen

Guozzen komme meast negatyf yn it nijs. Wylde guozzen jouwe in soad oerlêst op it boerelân, nuete guozzen terrorisearje de buert. Dat je ek ôfgryslik fan guozzen hâlde kinne, blykt wol yn Lúkswâld. De famylje Korver wol har twa guozzen nea wer kwyt.

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Uilkje van der Heide.

Oarlochstriennen

Se binne drok oan it repetearjen foar harren earste produksje Oarlochstriennen. It mei bekend wêze, nei dik 25 jier yn tsjinst fan Tryater wurkje akteurs Jan Arendz en Marijke Geertsma sûnt 1 jannewaris foar harren sels. Alles hawwe se yn eigen hân, fan rezjy oant en mei posters meitsje. Oarlochstriennen is in op in wier ferhael basearre stik oer trije froulju dat 'm ôfspilet yn de Twadde Wrâldoarloch. De haadrollen binne foar Astrid Reitsma, Tet Rozendal en Marijke Geertsma. Rezjy is yn hannen fan Jan Arendz. Buro de Vries seach by in repetysje yn de wenkeamer fan Arendz en Geertsma.
Oarlochstriennen wurdt tongersdei 7 febrewaris foar it earst opfierd yn it Marne teater yn Boalsert. Yn april is it stik te sjen yn it Kazemattemuseum.

Underweis (1652)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Yn de ôflevering fan hjoed treft hy fjouwer pylgers op in bankje yn Baard.

Kollum

De wyklikse kollum komt hjoed fan ûntwikkelingspsycholooch Gerrit Breeuwsma.

Te lang

Se is no 1.77 meter, yn de takomst sil dat miskien langer as 1.88 meter wêze. De tolve jierrige Rixt fynt dat te lang en nimt it beslút om yn te gripen. No’t hormoanbehannelingen net mear dien wurde is besletten om de lingtegroei fanút de groeiskiven yn de knibbels út te skeakeljen. Foar Rixt in pynlike yngreep om foar te kommen dat se letter oare problemen krije sil. Yn Buro de Vries de ôfwaging om yn te gripen op grûn fan de 'groeicurve', de behanneling dy’t útfierd wurdt troch berneortopeed dr.Heeg yn Assen en de revalidaasje nei de operaasje.

Minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket foar it Buro ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Metamorphose (metamorfoaze).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)