Buro de Vries fan 3 augustus 2014 11:00

  • Spiler wurdt laden

Dizze simmer stiet it Buro yn it teken fan 'Freonskip' en 'Friezen thús yn Frankryk'. Yn Freonskip fertelle twa bêste freonen oer harren bân. Yn 'Friezen thús yn Frankryk' hearre je ferhalen fan Fryske emigranten.

Freonskip: Nynke de Jong en Dirtzen van der Veen

Skriuwster en kollumniste Nynke de Jong kinne je fan har kollums yn de Ljouwerter Krante, har pittige miening yn ferskillende lanlike radio en TV-programma's of fan har boeken 'Vrouw en Fiets' of 'Vrouw kijkt TV'. Nynke komt fan Goaiïngea en wennet no yn Den Bosch. Har bêste freondinne is Dirtzen van der Veen, dy't se kin fan it gymnasium yn Snits. We treffe beide hjoed by Dirtzen thús, yn Zeist.

Friezen thús yn Frankryk: Johan en Ellen van Slooten

Nei in dei riden troch de Dordogne komme we oan by Johan en Ellen van Slooten. Fier fan de sneldyk, yn in heuvelachtich lânskip mei bosk en greide ha se hjir yn 2006 in buorkerij mei acht hektare lân kocht. Ien en al rêst, gean mar nei, hjir wenje likernôch 34 minsken per km2.

*

  • Johan van Slooten

Johan en Ellen ha trije optykwinkels yn Fryslân; yn Akkrum, Dokkum en op De Jouwer. 'We binne hjir kommen fanwege de hynders'. Johan en Ellen ha Fryske hynders, mar thús yn Terherne hienen se dêr gjin plak foar. De hynders stienen op ferskillende lokaasjes yn Fryslân. Op in gegeven momint koenen se de winkels oer dwaan en doe't dit moaie plakje yn Frankryk him oantsjinne wienen de plannen foar in ferhuzing makke. Spitigernôch gong de oername net troch. Ellen is doe earst allinne mei de hynders nei Frankryk gongen, Johan bleau yn Fryslân by de winkels. In dreech jier. Ellen moast alles allinne útfine yn in frjêmd lân, mei sân Fryske hynders op stâl.

*

*

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)