Buro de Vries fan 3 april 2016 11:00

De Kruidhof: Bijesintrum fan it Noarden én troulokaajse * YM Hans Bouwhuis (Ljouwert) * Nij teaterstik Folkert Wesseling * Underweis yn Lytsewierrum * Kollum Bart Kingma * Ambassadeur fan Boerûndy, Jolke Oppewal efkes werom yn Koudum * Us Doarp

Trouwe en bijen: in nij seizoen De Kruidhof

By "De Kruidhof" yn Bûtenpost sit se fol plannen. Sa sil de kommende twa jier de entree oanpakt wurde, sille se dwaande mei de krûdetún fan de takomst en wolle se it bijesintrum fan it Noarden wurde. Dit lêste sit ferpakt yn it projekt 'Silence of the bees', dat opnommen is yn it bidboek fan kulturele haadstêd. Direkteur Jan Willem Zwart is dêr wiis mei. Hy glunderet as hy oer de nije plannen ferteld. Ek as hy it hat oer dat syn 'Krûdhof' sûnt dit jier in offisjele troulokaasje wurden is.
De Kruidhof is dit wykein wer iepen gongen. http://www.dekruidhof.nl/

YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Elts libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei dy gedachte gie Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy sprekt alle wiken in Yn Memoriam út. Hjoed eidet er it libben fan Hans Bouwhuis fan Ljouwert oer.

Mei kapitein Folkert Wessling op cruise

Goed twa jier lyn makke ferslachjouwer Froukje Sijtsma in reportaazje oer de teaterbustoer BUSterbaarlik fan teaterman Folkert Wesseling fan De Tike. No't hy yn de lêste faze sit fan de Artyst Teateroplieding oan it Friesland College, siket Froukje him wer op: yn Weidum dêr't er hurd oan it repetearjen is foar syn ôfstudearfoarstelling Cruise.

De foarstelling 'Cruise' fan Folkert Wesseling giet sneon 9 april yn premjêre yn De Skâns op De Gordyk. It stik is ek noch te sjen op sneon 23 april yn it Reade Hynder yn Wommels, en op sneon 30 april yn de 2 gemeenten yn Jirnsum.

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch Fryslân en makket ûnderweis in praatsje mei minsken dy't er tsjinkomt. Op it it tsjerkhôf fan Lytsewierrum treft hy twa manlju dy't de klok liede moatte nei de begraffenis.

Kollum Bart Kingma

De kollum komt hjoed fan programmamakker en skriuwer Bart Kingma.

Jolke Oppewal: 'De earmoed is enoarm yn Boerûndy'

De earste Nederlânske ambassadeur yn it Afrikaanske Boerûndy is yn 2012 oansteld. It is in Fries: Jolke Oppewal fan Koudum. Oppewal wie de ôfrûne wiken werom yn Nederlân foar de grutte ambassadeurskonferinsje. It Buro noege him út foar in kuier troch syn bertedoarp om dan wylst te praten oer syn komôf, syn karriêre en oer Boerûndy.
Oant de simmer is Oppewal dus noch ambassadeur yn Boerûndy en dêrnei begjint in nij aventoer yn Maly. Yn dit Afrikaanske lân dogge Nederlânske blauhelmen mei oan in fredesmissy.

Miljoen liter disel ferstoke, en dochs duorsum?

Yn De Trynwâlden bin tal fan inisjativen op it mêd fan duorsumens. Sa timmeret de enerzjy-koöperaasje Trynergie geregeld oan 'e dyk mei inisjativen foar partikulieren en bedriuwen. Ferline wike kamen we yn 'e kunde mei Jelle Bijlsma BV, in grut grûnferwukingsbedriuw yn Tytsjerk. In bedriuw dat mei grutte masjines wurket en foar al dat materieel wol in miljoen liter disel yn it jier ferstookt. As je dat hearre, tink je net fuortendalik oan 'duorsumens', mar dochs bin se dêr drok mei oan 'e slach,

12:55 - Kelly Clarkson - Piece By Piece

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)