Buro de Vries fan 29 septimber 2013

  • Spiler wurdt laden

Tips, ideeén , op- of oanmerking? Mail nei burodevries@omropfryslan.nl

Fan Ljouwert nei Nepal

Ferkeapest alles en gietst nei it lân fan dyn dreamen: Nepal. Want dêr wennet in gids, dy't dyn hart stellen hat. Sonja Rusticus ferruilet Ljouwert foar in lyts doarpke Nepal.

YM: radiodokumint foar ûnbekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Wieke Dijkstra

Bunkers

Yn de twadde wrâldoarloch waard de fleanbasis by Ljouwert al gau ynnommen troch de Dútsers. Se wreiden de basis enoarm út. Mei der om hinne de nedige ferdiedingswurken. Dizze bunkers sjogge je hjir en dêr noch wol yn it lânskip. Wol hieltyd minder. Ek foar de Heak om Ljouwert moatte bunkers wike. Jan van der Zwaag is fassinearre troch de Dútse neilittenskip yn en om de basis. Mei him seagen we by de bunkers dy't nije wike opromme wurde.

Sjouke Lousma ûnderweis (1672)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fannemoarn is hy yn Easterein.

De miening fan...Tjalling van der Goot

Alle sneinen yn it Buro in kollum. Hjoed fersoarge troch advokaat Tjalling van der Goot.

Memoires fan Jacob Tiede Vellenga

Hy wie in echte Liwwadder. As politikus en bestjoerder levere Jacob Vellenga in grutte bijdrage oan dizze stêd. 28 jier siet hy yn de gemeenteried, 12 jier as wethâlder en hy wie 8 jier lid fan de Provinsjale Steaten. Hij preke ek en wist tsjerke en polityk te skieden. Fan 1965 oan't 1979 siet er foar de Partij van de Arbeid yn de Twadde Keamer.
Tegearre mei syn soan Harry tekene hij syn memoires op. It boek "Fyn en grou, een leven in de politiek" fertelt it persoanlike ferhaal fan Jacob Tiede Vellenga, dy't foarich jier op 92 jierrige leaftyd ferstoarn is. Kommende sneon, 5 oktober, wurdt it boek presenteard yn it Historisch Centrum Leeuwarden. In petear mei soan Harry.

Minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsje fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Echte leafde
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)