Buro de Vries fan 29 novimber 2015 11:00

  • Spiler wurdt laden

Grêfkultuer yn Fryslân * YM Ieke Dijkstra-Roskam * De T-Rex fan Anne Schulp * Sjouke Lousma ûnderweis * Kollum Tsjerk Kooistra * Nijsfoarum

Dit is werkelijk het einde hè; zelfs 't graf sterft

Acht jier lang ha se wurke oan in boek oer de grêfkultuer yn Fryslân: Peter Karstkarel en syn frou Klaske. It waard in emosjonele reis dwers troch ús provinsje. In reis dy't harren brocht op tsjerkhôven en begraafplakken. Lyts en grut. Hayo Bootsma gie mei Karstkarel nei it tsjerkhôf fan Lekkum.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Ieke Dijkstra-Roskam.

De T-Rex fan Anne

  • Yn Montana, V.S., waard yn septimber 2013 in T-Rex opgroeven dy't yn septimber 2016 yn Naturalis te sjen wêze sil.
  • Pete Larson (Black Hills Institute) en Anne Schulp by de skedel fan de T-Rex

Tiid wer foar in Fries om utens: paleontolooch Anne Schulp, fossilesaakkundige dus. Anne is opgroeid yn Snits, hat studearre yn Amsterdam en dêrnei in pear jier wurke yn Maastricht. Doe't natoermuseum Naturalis yn Leiden in T-Rex dinosaurs-skelet ha woe, wie Anne dyjinge dy't dat praktysk foarmekoar krije moast. Hy is der noch drok mei dwaande en fertelt der ek faak oer op telefyzje. Takom jier septimber sil de T-Rex fan Anne te sjen wêze. Ferslachjouwer Botte Jellema socht him op yn Naturalis.
http://www.naturalis.nl/nl/

Sjouke Lousma ûnderweis (1752)

Sjouke Lousma reizget troch Fryslân en komt op syn reis nijsgjirrige minsken tsjin dêr't er in praatsje mei makket. Dizze kear bedarret hy op in kemping oan de Swette tusken Ljouwert en Snits.

Kollum Tjserk Kooistra

De kollum komt hjoed fan Tsjerk Kooistra.

Nijsfoarum

It nijsfoarum bepraat it nijs fan de ôfrûne wike. Njonken de fêste leden, Attsje Meekma en Otto van der Galiën, skowt dizze wike oan: Douwe Faber, direkteur fan E-kwadraat.

12:10 - Grytz & Grize - Bliuw By My (Studio Fersy)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)