Buro de Vries fan 29 maaie 2016 11:00

  • Spiler wurdt laden
  • Johan de Jong fertelt yn it programma Op&Ut
  • Teunis Wagenaar (Underwiiskoepel Opo Furore) en Froukje Olijve (Thrimwalda skoalle)
  • Rutmer Zwerver by in dasseburcht

* De natoer njonken de nije N381 * Yn Memoriam: Age Koopmans * Syryske famylje besjocht hûs Jorwert * Sjouke Lousma ûnderweis * Kollum Bart Kingma * Natoerman Johan de Jong * Us Doarp: it ûnderwiis

Populaasjes oan beide kanten moatte byelkoar komme kinne

  • It tunneltsje mei de ôfrastering lâns de dyk
  • Rutmer besjocht de kamerabylden.

Wa't geregeld oer de N381 rydt, sjocht hast alle dagen hoe't it wurk oan de nije dyk dêr opsjit. Fan Drachten nei Emmen rydt it in stik flotter no't grutte parten fan de nije dyk klear binne en tunnels en fiadukten brûkt wurde kinne. It wurk wurdt útfierd ûnder it biedwurd 'N381 Natuurlijk!'. Mar hoe natuerlik wurdt it allegear? Der bin ommers nije trasees oanlein dy't soms ek troch kwetsbere gebieten gean. It Buro gie mei Rutmer Zwerver fan Buro Bakker it fjild yn, om te sjen oft bygelyks dy 100 (!) faunafoarsjennings wol fertuten dogge.

YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Elts libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei dy gedachte gie Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy sprekt alle wiken in Yn Memoriam út. Hjoed eidet er it libben fan Age Koopmans oer.

Nije Jorwerters (5)

  • De heit en de mem by de offisjele ûndertekening, earder yn Jorwert

In groepke ynwenners fan Jorwert is sûnt novimber 2015 dwaande mei it plan om in flechtlingegesin te húsfestjen yn it doarpshûs. We binne no in healjier fierder en it is hast safier dat it gesin yn doarpshûs Ons Huis wenje kin.

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch Fryslân en makket ûnderweis in praatsje mei minsken dy't er tsjinkomt.

Kollum

De kollum is hjoed fan Bart Kingma, skriuwer en programmamakker.

Johan de Jong: al mear as 40 jier op de radio

  • Hjir, op de soulder fan it Drachtster Lyseum, hat ek jierren in hok sitten mei ûlen fan Johan
  • De skûlhutte fan Johan op 12 meter hichte yn de pleats fan Poppinga
  • It Drachtster Lyseum

Johan de Jong is in tige wurdearre meiwurker fan ús. In man dy't al sûnt 1985 wykliks by ús op de radio te hearren is mei 'nijs út de natoer'. Unyk fine wy! Petearen mei syn dochter, syn frou, eks-kollega's en mear leverje in dokumint op mei moaie anekdoates fan in entûsjast man, dy't syn kennis fan de natoer graach diele wol.

Us doarp (25)

Ien fan de grutte soargen yn de lytse doarpen is hoe't de skoalle beholden wurde kin. As de skoalle ferdwynt, ferdwynt it libbende hert út de mienskip, sa wurdt faak tocht. Yn De Trynwâlden is mei in enkête sjoen hoe't de doarpsbewenners de takomst fan it ûndewiis yn de doarpen sjogge, want ek dêr nimt it tal bern ôf. Wy fernamen der nei op de Thrimwalda-skoalle yn Gytsjerk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)