Buro de Vries fan 28 oktober 2012

  • Spiler wurdt laden

We ha it Buro útwreide. In groep entûsjaste kultuersnuvers sil ien kear yn de moanne in foarstelling, tentoanstelling of boek besprekke. Dit kear ha se nei de foarstelling De Lord west, muzykteater fan De Paupers op in skipshelling yn Warkum.
Fierder: knutselje foar ynsekten, Yn Memoriam troch Cor Waringa, en Sjouke Lousma ûnderweis.
Bert Looper komt del foar syn kollum, yn de rubryk 'Hoe is it no mei' hearre we it ferhaal oer in taskesrôf en we dûke yn de problematyk fan âldereinmishanneling. In petear mei meiwurkers fan it meldpunt.

Ynsektehotel meitsje

Yn Gaasterlân waard dizze wike drok knutsele, of sa't it yn geef Frysk sa moai hjit: knuzele. Bern koenen yn harren hjerstfakânsje in ynsektehotel meitsje, in smout plakje foar yn de winter.
It wie ien fan de aktiviteiten yn de Gaasterlânske Natoerwike fan it Fryske Gea en Ynformaasjesintrum 'Mar en Kliff' yn Aldemardum.

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries.

Kultuersnuvers by 'De Lord'

We ha it Buro útwreide. In groep entûsjaste kultuersnuvers sil ien kear yn de moanne in foarstelling, tentoanstelling of boek besprekke. Dit kear ha se nei de foarstelling De Lord west, muzykteater fan De Paupers op skipswerf De Hoop yn Warkum. De foarstelling is noch oant 3 novimber te sjen. Mear ynformaasje op http://www.depaupers.nl/ of belje nei 0515-542830.

Underweis 1639

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn treft hy op it tsjerkhôf fan Haskerdiken in fotograaf mei in selsmakke kamera dy it ferfal fan it hôf fêst leit.

Kollum

Foar de wyklikse kollum skowt hjoed Bert Looper oan. Looper is direkteur fan Tresoar, it Fries Historisch en Letterkundig Centrum yn Ljouwert.

Aldereinmishanneling, in taboe en in probleem

We dûke yn de problematyk rûn âldereinmishanneling. Meastal wurdt it slachtoffer mishannele troch in famyljelid en soms troch in beropskrêft. Faak is mishanneling in gefolch fan it feit dat it de mantelsoarger oer de skuon rint. Mar mishanneling mei opset komt ek foar. In petear mei meiwurkers fan Fier Fryslân.

Hoe is it no mei ...

Foar ús rubryk Hoe is it no mei ... sykje wy de 72 jierrige frou Van Unen yn Balk op. Presys in jier lyn waard se oerdei berôve. De dieder wist har tas út it kuorke fan de scootmobyl te pakken en der mei út te naaien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)