Buro de Vries fan 28 juny 2015 11:00

  • Spiler wurdt laden

It Buro stiet dizze simmer yn it teken fan jubilea en 'Friezen yn Frankryk'.
Hjoed mei it berne-iepenloftspul yn Easterwierum, dat dit jier 25 jier bestiet. En yn Parys treffe we fytseman Ralph Bonnema en Pietsie Feenstra, sy is dosinte oan de Sorbonne, de universiteit yn Parys.

Jubilaris: 25 jier Berne-iepenloftspul

  • Wietske Vermeulen, yn 1994 spile se Strobke
  • Foarsitter Lucy Brouwer
  • In sêne út de foarstelling fan 2014 'Bern de Baas'

It is de simmer fan de jubilea. 2015 is foar in soad ferienings en ynstânsjes reden foar in feestje: Tryater fiert dat se 50 jier binne, de HTS yn Ljouwert is 100 jier en sa binne der noch folle mear jubilearende ferienings. It Buro set alle wiken ien jubilaris yn de 'spotlights'. We sette útein mei it Berne-iepenloftspul yn Easterwierum, Sy bestean dit jier 25 jier.
https://www.berneiepenloftspul.nl/

It begûn yn Jorwert

  • Nynke Laverman yn 1992 as Minoes
  • De pastorijtún, efter de tsjerke yn Easterwierrum
  • 2001: Sake en it suertsjefabryk
  • 2007: 'Net Normaal'

De earste jierren spilen de bern yn de notaristún fan Jorwert, it plak fan it 'grutte' iepenloft. Mar it berne-iepenloft woe op eigen fuotten stean en socht in eigen plakje. Dat waard de pastorijtún yn Easterwierrum.

Hieltyd profesjoneler

  • Anneke Hogeveen en Tseard vd Hem. Beide al 25 jier belutsen by BIS
  • Ut 'de stim fan L6udsjewierrum' (2012)
  • BIS 1998: de Skippers fan de Kameleon
  • BIS 2011: Swart Wyt

We prate mei ferskillende meiwurkers, spilers en âld-spilers. Sa ek mei Anneke Hoogeveen, se makke de ôfrûne 25 jier de kostúms foar alle bern. Fierder sochten we Nynke Laverman op, se hat eartiids ek meidien oan it berne-iepenloftspul en dêr ha wy ek noch in radio-opname fan.

Friezen yn Frankryk: Ralph Bonnema

  • By Ralph Bonnema foar de fytsesaak yn Parys
  • Net in soad fytsers yn Paris, mar wol de plysje

Ralph Bonnema hie in fytsesaak yn Harns en is sûnt twa jier bedriuwslieder by "Holland Bikes" yn Parys. Fytse yn dizze stêd is net sûnder risiko's sa fertelt Ralph. De auto' s binne net wend oan de fytsers. Mei syn frou en soan wennet er yn in appartemint fan 42 kante meter. In grut ferskil mei syn hûs yn Frjentsjer. Krekt as alle minsken yn Parys, dy' t krap bewenne binne, bringe se de frije tiid faak bûten troch: yn it park of op it terras. Ralph wol graach yn Frankryk bliuwe mar leafst op in oar plak dêr 't wat mear frisse lucht is.

Friezen yn Frankryk: Pietsie Feenstra

  • We treffe Pietsie Feenstra yn it sintrum fan Parys
  • De Sorbonne, de universiteit fan Parys
  • Pietsie fertelde werom de Seine in soad te sjen is yn films.

Frankryk is folle mear in lân fan film as Nederlân. 'Nederlân is mear in medialân', fertelt Pietsie Feenstra. Pietsie wit alles fan film, se is dosinte film oan de Sorbonne, de universiteit yn Parys. Se komt fan Wjelsryp en as famke dreamde se al fan Paris. Fan de Frânske taal en de kultuer. Se wennet no 15 jier yn Parys en hat har spesjalisearre yn Spaankse film. Njonken film is in oare passy fan har it dûnsjen fan de Flamengo, wat se ek al sa'n 20 jier docht. Pietsie fielt har hjir thús. Se wennet oan de râne fan Parys. 'Ik kom fan in doarp en Paris bestiet út allegear lytse doarpkes dêr'st dyn eigen sosjale kring hast'.

Ralph en Pietsie in jier letter

    Ralph Bonnema hat it noch altyd smoardrok yn 'e fytsewinkel. Fytsen yn Parys wurdt hieltyd populêrder: Holland Bike hat yntusken in tredde winkel iepene. En ek Pietsie hat ús witte litten dat alles goed mei har giet.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)