Buro de Vries fan 28 july 2013

  • Spiler wurdt laden

Dizze snein mar ien oerke Buro de Vries. We meitsje tusken 11:00 en 12:00 oere even plak foar it PC-Kafee.
Nei tolven in ôflevering fan "Friezen thús yn Sweden". Buro de Vries werhellet dizze simmer de moaie rige programma's oer Fryske emigranten yn Sweden.
Hjoed mei Aaldert en Siebren de Boer. Gjin famylje, mar se sitte beide wol yn it sakelibben yn Sweden. En dat de kultuer dêr folslein oars as yn Nederlân dat wurdt wol dúdlik yn dizze ôflevering.

'Friezen thús yn Sweden'

In jier lyn makke it Buro in rûnreis troch Sweden, op syk nei Fryske emigranten. Fansels binne der Friezen oeral op de wrâld te finen, mar binnen Europa is Sweden dochs wol it lân dêr't de measte Nederlanners en dus ek Friezen nei ta ferhúzje. Werom ha se Fryslân ferlitten en in nij thús socht yn Sweden? Wat lûkt har oan it lân? Wêr binne se tsjin oan rûn en wat hat har ferwachtings oertroffen? Koartsein: hat Sweden har brocht wat se ferwachte hienen. Sjoch op ús blog: www.omropfryslan/blog/sweden

De reis levere in sfearfolle rige fan 12 programma's op. In rige dy't wy dizze simmer werhelje.

De Boer en De Boer 'yn bedriuw'

Om seis oere binne we útnoege foar it iten by Aaldert en Alie de Boer. Sy wenje yn Knivsta, in forenzeplakje tusken Stockholm en Uppsala. Se kamen ein 1998 nei Sweden y.f.m. it wurk fan Aaldert. Harren fjouwer bern wienen doe tusken de 6 en 8 jier. Aaldert is direkteur fan Olaer, in bedriuw dat kuollers makket om de oalje yn grutte masines te kuoljen.
Siebren de Boer (net famylje fan Aaldert) skoot ek oan. Hy komt fan Jorwert en sit sûnt in jier as seis yn Stockholm. Hy is finansjeel direkteur by it Amerikaanske bedriuw Banctec, in bedriuw dat giro-oerskriuwings regelet foar banken.

Mei Aaldert en Siebren ha we it oer de ekonomy yn Sweden, de krisis, Europa en de hannelsmentaliteit fan de Sweden. Se ha beide wol wenne moatte oan dy mentaliteit. Sweden sille net allinne beslissings nimme, earst wurdt elkenien der oer hifke. Yndividuele ferantwurdlikheid bestiet hjir net. As úteinlik in beslissing fallen is dan giet de útfiering hurd; elk is ommers al op 'e hichte en hat der mei ynstimd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)