Buro de Vries fan 28 desimber 2014 11:00

  • Spiler wurdt laden

Op syk nei it blaupoatsje * Fryske Twadde Keamerleden oer 2014 * Yn Memoriam Swaantsje Heida-Mulder * kollum fan Gerrit Breeuwsma * Nyk de Vries oer âld en nij * Sjouke Lousma ûnderweis

Op syk nei it blaupoatsje

Guozzen wurde de lêste tiid foaral as in probleem sjoen. Se soargje foar in soad skea yn de greiden en dat sil allinne mar mear wurde want der komme hieltyd mear. Dat lêste jildt net foar alle guozzesoarten, seker dizze winter net. We ha it dan oer it blaupoatsje, oftewol de kleine rietgans. Earder wiene dy winterdeis manmachtich te finen yn de Súdwesthoeke, mar dy sitewaasje is yn in pear jier tiid folslein omslein. Wy makken krekt bûten De Gaastmar in ôfspraak mei guozzesaakkundige Romke Kleefstra fan Sovon Vogelonderzoek. Om mei him op syk te gean de blaupoatsjes.

Yn Memoriam: Swaantsje Heida-Mulder

Cor Waringa betinkt it libben fan Swaantsje Heida-Mulder fan Dokkum.

De kollum fan Gerrit Breeuwsma

Untwikkelingspsycholooch Gerrit Breeuwsma fan Grins oer fjoerwurk en pedagogyk....

Underweis

Sjouke Lousma is ûnderweis yn Fryslân en treft yn Easterwierrum in persoan dy't keninklik ûnderskieden is.....

Ultrakoart ferhaal fan Nyk de Vries

Nyk de Vries hat alle wiken in ferhaal fan in minút. Dizze kear oer âld en nij.

Fryske Twadde Keamerleden oer 2014

  • Sander de Rouwe, Twadde Keamerlid foar it CDA
  • Magda Berndsen, Twadde Keamerlid foar D66
  • Jacques Monasch

Sander Rouwe (CDA), Magda Berndsen (D66), Jacques Monasch (PvdA) en Aukje de Vries (VVD) binne te gast. René Koster sjocht mei harren werom op de meast yngripende en bysûndere saken fan 2014. Yn Fryslân spile ûnder oaren de wynmûnekwestje, de Sionsberg en de opfang fan asylsikers yn Riis. Lanlik wie it ûnder oaren de ramp mei de MH17 en de soarchproblematyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)