Buro de Vries fan 28 augustus 2016 11:00

  • Spiler wurdt laden
  • Juf Sytske en de kleuters: fjouwer út Earnewâld, njoggen út Fjetnam
  • Nyk de Vries

Yn ús simmerrige mei twa famyljeleden, hjoed twa bruorren: Doekle Terpstra en syn broer Sybren Terpstra. Doekle is in echte bestjoerder en CDA-man, Sybren is haad Nijs & Sport hjir by Omrop Fryslân. Fierder in tal peareltsjes út ús argyf. Te witten:
. De opfang fan Fjetnameeske flechtlingen om 1980 hinne yn Earnewâld
. Frysk design
. Ultrakoart ferhaal fan Nyk de Vries: Yn it sikehûs.

Doekle en Sybren Terpstra

Doekle Terpstra makke roerige tiden mei as foarsitter fan de KNSB en bestjoersfoarsitter fan hegeskoalle InHolland. Mar je kinne him ek al fan derfoar, doe't hy by it CNV siet. Syn jongere broer Sybren Terpstra is haad Nijs en Sport by Omrop Fryslân.
In petear tusken twa manlju, yn itselfde nêst berne yn Wytmarsum, mar beide in oare rjochting opgongen.

Frysk design fan eartiids

Yn de jierren 1945 oant 1975 spile Fryslân in opfallende rol yn de nasjonale en ynternasjonale wrâld fan meubelûntwerpen. In tal foarútstribjende fabriken en ûntwerpers spilen yn op de populariteit fan it Skandinavyske design en op de styl fan it "mid century modern". Ien fan har wie Fristho yn Frjentsjer. Yn 2011 makken we in reportaazje oer har meubels, dy't no tige populêr binne by samlers.
Twa jier lyn sprutsen we mei Bert Looper, direkteur fan Tresoar en samler fan Fristo. Hy fertelde oer de Skandinavyske trend fan doetiids.

Fjetnameeske flechtlingen opfongen yn Earnewâld

  • Juf Sytske en de kleuters: fjouwer út Earnewâld, njoggen út Fjetnam
  • Jan Smidstra en Piet van Putten

Yn Europa binne noch altyd tûzenen en tûzenen minsken op de flucht. It byld fan flechtlingen dy't de oerstek yn in rubberboatsje oerlibbe hawwe, it docht je wat. Boatflechtlingen, 37 jier lyn kamen se út Fjetnam. In tal derfan waard opfongen op kemping it Wiid by Earnewâld. Yn oktober 2015 seagen we mei in tal belutsenen hjir op werom.

Yn dizze reportaazje praten wy ek mei Piet van Putten, koördinator fan de opfang fan Fjetnameeske boatflechtlingen, tusken 1979 en 81 op kemping It Wiid yn Earnewâld. Yn jannewaris dit jier kaam Van Putten hommels te ferstjerren. Der hat oerlis west mei de neibesteanden oer it werheljen fan dizze dokumintêre.

Ultrakoart ferhaal fan Nyk de Vries

Skriuwer Nyk de Vries makke in pear jier lyn hiel koarte ferhaaltsjes foar it Buro. Ferhaaltsjes fan in minút mei altyd in ûnferwachts ein. Lykas dizze: Yn it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)