Buro de Vries fan 28 april 2013

Yn dizze Buro de Vries: Nine Nooter, direkteur fan it 'Nationaal Comité 4 en 5 mei'; de Kultuersnuvers oer de foarstelling Krimp fan Gerrit Breteler; en hoe soargje we derfoar dat de fiskearn briede wol yn de Leijen.

Fiskearn wolkom yn de Leijen

Sa't de Lauwersmar syn see-earn hat, sa hopet de Leijen ynkoarten in briedende fiskearn te hawwen. Boskwachter Jeffrey Huizenga docht der alles oan om dizze unike fûgel te ferlieden in nêst te bouwen yn it natoergebiet rûnom it marke de Leijen.

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Jan Frearks van der Bij.

Kultuersnuvers genietsje fan 'Krimp"

Achmea Culpa, jo kinne it selskip miskien wol fan de populêre toanielstikken "Katarsis" en "Kredo", skreaun troch Gerrit Breteler. Dit jier bringe se syn tredde kroechstik foar it fuotljocht, Krimp. Faak spylje se it stik yn de thúskroech, de Bûnte Bok yn Ljussens. Mar se geane ek de hiele provinsje troch, en sa kamen ús Kultuersnuvers Jan Veninga en Marjan Faber ferline wike yn it Dielshûs yn Wommels telâne. Hoe hawwe sy sjoen nei "Krimp"?

Underweis (1663)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn is hy yn de nije einekoai fan Steatsboskbehear yn de Goaiïngeastermieden.

Kollum

De wyklikse kollum wurdt dizze snein wer fersoarge troch advokaat Tjalling van der Goot.

Nine Nooter

Betinke yn frijheid, hoe fier kinne je gean? Doe’t ferline jier, mei de betinking op 4 maaie, it gedicht ‘Foute keuze’ foardroegen wurde soe, ûntstie der in soad diskusje. It gedicht fan de 15-jierrige Auke de Leeuw gie oer minsken dy’t yn de oarloch in ferkearde kar makke hiene. Hy fertelde oer syn âld-omke, dy’t by de Waffen-SS siet.
Yn Buro de Vries in gesprek mei Nine Nooter út Aldetrine, sy is direkteur fan it ‘Nationaal Comité 4 en 5 mei’. Sy stie folslein efter it gedicht, mar naam úteinlik it beslút om it net foarlêze te litten. Hoe sjocht sy werom op dy diskusje en hoe sille wy yn de takomst betinke?

Minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsje fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Lois Lester.
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)