Buro de Vries fan 27 septimber 2015 11:00

  • Spiler wurdt laden

*de Hofkerij yn Himpens/Tearns * Yn Memoriam Riekele Heida * konservator Wim van Sinderen fan it fotomuseum yn Den Haach * ûnderweis oer de Reade Star * ús nije kollumnist Tsjerk Kooistra fan Weidum * it nijsfoarum oer de flechtlingeproblematyk, Omrop Fryslân en oare 'hotte' ûnderwerpen * 'ús doarp' oer hoe't in doarp leefber bliuwt

'De natoer lit him net stjoere'

Yn Himpens ûnder Ljouwert bin se der yn 2007 mei faasje oan begûn: De Suderwier. Om't huzebou op it plak fan in sloopte pleats net troch gie, socht it doarp in eigen ynfolling foar dy romte. Der kaam in amfiteater oan it wetter, in swellewand, in flearmûzekelder, in iepen terpfjlid en in eigen fruittún ûnder de namme 'De Hofkerij'. Wy wiene benijd by it Buro, hoe't it der no - acht jier letter - hinne leit en oft it yn de praktyk ek giet, sa't it oan de ûntwerptafel allegear betocht is. Doarpsbewenners Ties de Boer en Johannes de Goede litte it ús sjen...

Fruittún De Hofkerij makket diel út fan De Suderwier yn Himpens en is te finen oan de Suderbuorren 2.

Yn Memoriam Riekele Heida fan Mildaam

Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. En dêrom alle wiken in Yn Memoriam troch Cor Waringa. Hjoed sjocht er werom op it libben fan Riekele Heida fan Mildaam.

Fries om utens Wim van Sinderen: konservator yn Den Haach

  • Rockanje 2008, foto út de tentoanstelling 'BOEREN - Avonturen op het land'
  • 'Myn Omke' foto út de tentoanstelling 'BOEREN - Avonturen op het land'
  • Fotomuseum Den Haach

Hy is berne yn Dokkum, gong yn Ljouwert nei in eksperimintele oplieding en is no haadkonservator fan it Fotomuseum yn Den Haach. Wim van Sinderen. Hy wurket op it stuit oan 'e gearstalling fan in nije eksposysje. Ferslachjouwer Botte Jellema socht dizze Fries om utens op yn it Gemeentemuseum yn Den Haach, dêr't it Fotomuseum ûnderdiel fan is.

De nije tentoanstelling yn it Fotomuseum yn Den Haach oer it boerelibben hjit 'Avonturen op het Land' en is iepen fan 4 desimber ôf.

Sjouke Lousma is ûnderweis

Underweis yn Fryslân komt Sjouke Lousma altyd nijsgjirrige minsken tsjin dêr't er dan in praatsje mei makket. It petear giet dizze kear oer jirpels....

Kollumnist Tsjerk Kooistra

Tsjerk Kooistra fan Weidum is de fêste regisseur fan it iepenloftspul Jorwert. Dêrnjonken regissearret er folle mear: theater en film. En hy mei graach skriuwe. Hy sil tenei ien kear yn de moanne ek foar ús skriuwe: in kollum. Hjoed de earste.

Nijsfoarum

Yn kear yn 'e moanne komt it nijsfoarum by ús del. Dit seizoen mei de fêste foarumleden: Attje Meekma en Otto van der Galiën. Under lieding fan René Koster sille se it ha oer it nijs fan de ôfrûne tiid. En dan sil it sûnder mis gean oer flechtlingen, Omrop Fryslân, de provinsjale begrutting en de plysje-aksjes.

Us doarp (3)

Krimp, leechtstân, ferlies fan foarsjennings; eins alle Fryske doarpen ha der wol mei te krijen. Mar eins ek oeral wurdt socht nei tûke en kreative oplossings om it doarp dochs leefber te hâlden. En mei sukses, want op in soad plakken brûst it fan entûsjasme! It Buro folget De Trynwâlden yn dit proses. Hjoed ha we ôfpraat by bedriuwepleats It Aventoer yn Oentsjerk.
http://www.itaventoer.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)