Buro de Vries fan 27 oktober 2013

Wyldernis by de Lauwersmar, de kultuer fan jongeskoaren en taakstraffen. It is wer ien en al ferskaat yn dizze ôflevering fan Buro de Vries.
Tips, op- of oanmerkings? We wolle it graach witte! Mail nei burodevries@omropfryslan.nl

Wyldernis by de Lauwersmar

De film 'De Nieuwe Wildernis' is in grut sukses. Twa jier lang folge in filmploech it libben yn de Oostvaardersplassen. 'De Nieuwe Wildernis' is in natoerfilm sa't dy yn Nederlân noch nea makke wie. Op syk nei wyldernis kamen wy telâne yn it Lauwersmargebiet. Boskwachter Liesbeth van den Berg naam ús mei nei in kudde konik-hynders.
http://www.staatsbosbeheer.nl/Natuurgebieden/Lauwersmeer.aspx

YM: radiodokumint foar ûnbekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Tjitske Houtsma.

Jongeskoar

It bekende Kiev-jongeskoar "Dzvinochok" út de Oekraïne komt begjin novimber nei Fryslân. Se trede yn Boalsert en Snits op mei saksofonist Jan Brens.
De leden fan dit koar begjinne faak op jonge leeftyd mei sjongen, om in plak te krijen yn dit ferneamde koar.
Pianiste Anisa Vaartjes út Burgum is opgroeid yn Moskou en organisearret kulturele manifestaasjes yn it bûtenlân. Se hat al jierren kontakt mei dit koar út Kiev.

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn treft hy op de tún by Stiens in âld-keeper.

De miening fan...Tjalling van der Goot

Alle sneinen yn Buro de Vries in kollum. Hjoed fersoarge troch Tjalling van der Goot, advokaat by Anker en Anker.

Taakstraffen: Hoe en wat?

Sa'n 30.000 minsken krije dit jier in taakstraf. Foarich jier wienen dat yn ús provinsje 757. Mar wêrom in taakstraf, is dat net wat myld foar guon oertredings? Stiet it wol yn ferhâlding ta in finzenisstraf? En wat bin de spulregels? It útfieren fan sa'n taakstraf kin op ferskillende plakken yn Fryslân. Wy gongen nei de Krûdhof yn Bûtenpost, dêr't alle jierren in soad minsken oan it wurk binne.

De minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsje fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Ferkearing.
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)