Buro de Vries fan 27 novimber 2016 11:00

* Wêr is Auke syn jas bedarre* In soad ûngelokken yn it ferkear, hoe kin dat? * YM Tineke Wilkeshus-Schoustra * Nijsfoarum

Wêr is Auke syn jas bedarre

Noch hieltyd komme flechtlingen oan op ‘e Grykske eilannen. Se wurde dêr opfongen yn kampen, wachtsjend op de folgjende stap yn harren proseduere. Net allinnich stiet harren ûnwissens te wachtsjen, mar ek de kâlde winter komt deroan. Derom begûn Anke-Marije Piebenga út Akkrum mei in pear freondinnen in aksje om jassen yn te sammeljen. Op in oprop fan har yn Fryslân Hjoed waard manmachtich reagearre. Sjoernalist Auke Zeldenrust folge syn jas.

'As se achteryn in file klappe, moast sjen wat der gebeurt, dan is it in moardwapen'

Hoe kin it dat der de lêste tiid sa'n soad slimme ûngelokken barre. Of fersinne we ús en is it mear in gefoel yn stee fan realiteit? It Buro fernaam fan 'e wike by tal fan saakkundigen op syk nei de antwurden. Te witten:
- Sipke van der Meulen fan it Regionaal Orgaan foar de Ferkearsfeiligens yn Fryslân
- Jetze Visser, rydynstrukteur by Berend Knol
- Klaas Hoekstra, projekt Veilig Verkeer fan de Chauffeursvereniging Friesland http://www.chauffeursvereniging-friesland.nl/
- eigener en besikers De Blauwe Tent
- automobilisten dy't tankten by Tsienzerbuorren

YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Tineke Wilkeshuis-Schoustra.

Nijsfoarum

Hjoed mei Irene Overduin (sjoernalist), Durk Pool (steatelid VVD) en Jan Waterlander (steatelid 50Plus).

11:10 - Martika - Love... Thy Will Be Done
11:22 - Bruce Springsteen - Waitin' On A Sunny Day
11:42 - Lois Lane - It's The First Time
11:53 - Commodores - Easy
12:08 - Sheryl Crow - Run Baby Run
12:17 - Fiction Factory - Feels Like Heaven
12:49 - Sam Feldt X Lucas & Steve (Ft. Wulf) - Summer On You

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)