Buro de Vries fan 27 maart 2016 11:00

  • Spiler wurdt laden
  • Ds. Liuwe Westra

* Op syk nei de kraanfûgel
* YM Aaltsje Rodermond-van der Woude
* Flechtlingen yn it doarpshûs yn Jorwert
* Sjouke Lousma ûnderweis
* Kollum Tjalling van der Goot
* Dûmny Liuwe Westra: hoeder ferlit syn kudde
* Us Doarp (19)

'Het is geen VVV-vogel'

Kloften kraanfûgels bin de lêste wiken boppe it easten fan it lân sjoen. Se bin ûnderweis werom nei Skandinavië. Mar hoe sit it mei "ús" kraanfûgels? Dy fan De Fochtel? Yn it Fochtelerfean moetsje we natoerman Tonie Sterken. Al mear as 40 jier belutsen by Natuurmonumenten en in echte kenner fan it gebiet. Mei him gean we op 'en paad om kraanfûgels te sjen, mar sa't Sterken seit: "Het zijn geen VVV-vogels".

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Elts libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei dy gedachte gie Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy sprekt alle wiken in Yn Memoriam út. Hjoed eidet er it libben fan Aaltsje Rodermond-van der Woude oer.

Flechtlingen yn Jorwert

Jorwerters ha it plan om fan doarpshûs 'Ons Huis' in wenhûs foar statushâlders te meitsjen. Buro de Vries folget dit hiele projekt op de foet en docht alle moannen ferslach fan de lêste stân fan saken. Yn dizze ôflevering sjogge we by Tiuri Luitwieler dy't op it Friesland College wurket oan in berekkening fan de te ferwachtsjen enerzjykosten, hearre we hoe't projektlieder Jan Wiebe Riemersma de fraach krijt om de begrutting út te klaaien en binne we by de fergadering fan de inisjatyfnimmers mei Doarpsnut, de eigener fan Ons Huis.

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch Fryslân en makket ûnderweis in praatsje mei minsken dy't er tsjinkomt. Hjoed: fiskje mei trije angels mar neat fange, dus mar op facebook.

Kollum Tjalling van der Goot

De kollum komt hjoed fan Tjalling van der Goot, advokaat by http://www.ankerenanker.nl/

'It evangeelje is op ien oft oare manier in ûntregelaar'

  • Ds. Liuwe Westra

Dûmny Liuwe Westra fan Lollum sil de wittenskip yn. Takom wike snein hâldt er syn ôfskiedstsjinst en dêrnei sil er oan 'e slach by de 'Faculteit Katholieke Theologie' in Utrecht. Achttjin jier wie hy de dûmny fan Burchwert, Hartwert, Hichtum, Lollum en Waaksens, dêr't er opfoel om syn bysûndere oanpak, syn Frysksinnichheid en syn grutte belutsenheid by de jongerein. It Buro siet mei in soad fragen. Soe der syn nocht ha? Is hy syn pastorale ropping kwyt? Wat moat in protestantske dûmny op in roomske fakulteit? We sprutsen earst mar ris ôf op in sneintemoarn yn de tsjerke fan Burchwert. Dêr hold er - útdage troch syn kategisanten - in tsjinst fan maksimaal in healoere.

Us Doarp (19)

Yn dizze rige, weryn we sjogge hoe't doarpen har tariede op de takomst, sjogge we hjoed by Jelle Bijlsma BV. Dit bedriuw is al jierren in begryp as ûndernimming yn de sektor 'grond-, weg, en waterbouw'. It giet om de grutste wurkjouwer fan De Trynwâlden, dy't syn haadfestiging yn Gytsjerk hat. Wy treffe hjoed Jelle Coen Bijlsma, de tredde generaasje dy't tsjintwurdich oan it stjoer fan it bedriuw sit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)