Buro de Vries fan 27 jannewaris 2013

  • Spiler wurdt laden

De nije plysjesjef fan Noard Nederlân is Oscar Drost fan Appelskea.
Yn Memoriam hat omtinken foar it libben fan muzikant Johan Bloem.
Sjouke Lousma is ûnderweis by Burgum. Hy treft in man dy't al hast 30 jier siket, mar noch nea in skat fûn hat.
En de Kultuersnuvers ha nei it 'lûdsrestuarant' west.

Sakeman Thomas van Duinen is hike en tein yn Fryslân, mar fûn in twadde thús oan de oare kant fan de wrâld, yn Hongkong. In petear oer saken dwaan oer de wrâld, frjemde Sineeske gewoanten en nostalgy. De kollum komt fan advokaat Tjalling van der Goot en der is wer in ultrakoart ferhaal fan Nyk de Vries.

Iis, iis en nochris iis

De ôfrûne wike bin der hiel wat kampioenskippen ferriden en ek de toerriders koene noch in tochtje meitsje. Wy fan it buro bûnen ek de redens ûnder en riden mei Ids Willemsma de feart út op syk nei in moai stikje iis.

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Johan Bloem.

Nije baas fan de plysje: Oscar Dros

Miskien ha je der it measte noch net fan fernommen, mar op 1 jannewaris fan dit jier is de nasjonale plysje úteinset. Dat betsjut dat Fryslân net langer in eigen plysjeregio hat, mar dat wy mei de plysje fan Grinslân en Drenthe yn ien ienheid sitte, mei mear as 4000 plysjeminsken. Oscar Dros út Appelskea is de baas fan de plysje yn Noard-Nederlân. It buro woe mear fan him witte en makke in ôfspraak, op syn kantoar, oan de Rademarkt yn Grins.

Kultuersnuvers ûnderfine it "lûdsrestaurant"

Kultuersnuvers Jan Veninga en Marjan Faber sjogge alle moannen foar ús yn in museum of teater, of ferdjipje har yn in boek. Dizze wike seagen sy by it Sonic Restaurant.

Underweis 1651

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn rint hy by Burgum tsjin in 'skatgraver' oan.

Kollum

Alle sneinen yn Buro de Vries in kollum. Hjoed fersoarge troch advokaat Tjalling van der Goot.

Pionier yn Sina

Sakeman Thomas van Duinen is hike en tein yn Fryslân, mar fûn in twadde thús oan de oare kant fan de wrâld, yn HongKong. Nei in studzje Sinology yn Leiden bedarret hy yn it Easten. Sina iepenet op dat stuit stadich oan har doarren foar de rest fan de wrâld. Ein jierren 90 set Van Duinen yn Sina in ynpakfabriek foar lyts ark op. Letter komt der noch in fabryk by en sûnt fan 't simmer is hy ek eigener fan in Amerikaansk bedriuw. Fierder helpt hy Europeeske bedriuwen foet oan 'e grûn te krijen yn Azië.

Minút fan Nyk

In nije man oan it Buro. Skriuwer Nyk de Vries makket ultrakoarte ferhaaltsjes. Hjoed: Clown

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)