Buro de Vries fan 27 desimber 2015 11:00

  • Spiler wurdt laden

Harm van der Meer hâldt nei 40 jier op as dirigint fan it Lemster Manljuskoar * Henk Wolf oer syn jier, it jier dat in markol troch de foarrút fan syn auto yn syn each fleach * Werom sjen op it politike jier 2015 mei Aukje de Vries, Jacques Monasch en Sander de Rouwe.

It gefoel moat der yn sitte

Hy hat 40 jier foar it Lemster manljuskoar stien: Harm van der Meer fan Bantegea. Hy is no 75 en troffen troch de sykte Parkinson. Hy hat besletten op te hâlden mei dat Lemster manljuskoar. In pear wike lyn wiene we by de repetysje doe't Van der Meer mei de manlju en mei oargenist Jan Kroeske de puntsjes op de i setten foar de krystkonserten dy't der oan sieten te kommen. In portret fan in markant muzykman.

Ha'k dêr hiel lûd stien te razen: "Help, help, ik bin blyn!"

  • De jeep fan Henk Wolf nei it ûngelok

Peaske ôfrûne jier fleach in markol dwers troch de foarrút fan de oldtimer fan Henk Wolf. Sa mei de punt fan de snaffel yn syn each. It like earst poermin, Henk soe wierskynlik nea wer sjen mei dat each. Hoe is dat foar immen dy't altyd lêst en skriuwt? Henk Wolf is taalkundige en learaar Frysk oan de NHL. We sochten him thús op yn Grins.

It politike jier 2015

  • Twadde Keamerlid Jacques Monasch (PvdA)

We sjogge werom op it jier 2015 mei trije politisy. De Twadde Keamerleden Aukje de Vries (VVD) en Jacques Monasch (PvdA) en mei Sander de Rouwe (CDA), hy ferruile dit jier de Twadde Keamer foar de provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)