Buro de Vries fan 27 april 2014, 11:00

  • Spiler wurdt laden

De das: prachtich of leaver net * Joadske famyljes yn Ljouwert (4) * Nijkleaster yn Jorwert * YM * Kollum Gerrit Breeuwsma * Sjouke Lousma ûnderweis * Minút fan Nyk

"De das heart hjir thús'

Begjin april waard yn de bosk by Bakkefean in dasseburcht fernield. Wa't dêr ferantwurdlik foar west hat wit se net. De plysje hat it yn ûndersyk en is noch altyd op syk nei tsjûgen. Wy wienen benijd hoe't de burcht der no by leit. Boskwachter Roel Vriesema fan Steatsboskbehear naam ús mei.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Anne Akkerman.

Joadske famyljes yn Ljouwert (4)

In soad Joadske famyljes sieten yn 'e hannel. Sa ek de famylje De Vries, dy't in antyksaak hie yn Ljouwert.
Hjoed de 4e ôflevering yn de rige oer huzen dy't ús herinnerje oan 'e Joadske gesinnen yn Fryslân.
Bauke Boersma nimt ús mei nei de Voorstreek.
http://www.openjoodsehuizen.nl/
http://www.friesverzetsmuseum.nl/

Sjouke Lousma ûnderweis (1701)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

De miening fan ...Gerrit Breeuwsma

Dizze snein komt de kollum fan Gerrit Breeuwsma, ûntwikkelingspsycholooch yn Grins. Hy hat it oer bibliofoby.
www.gerritbreeuwsma.nl

"De hieljende wurking fan de natoer krijst sa fergees"

It doarp Jorwert sil yn de takomst in kleaster krije. In modern protestantsk kleaster dêr't jo je yn alle rêst werom lûke kinne en wat tagelyk in plak is om oaren te moetsjen. Nijkleaster is in dream fan Hinne Wagenaar en Sietske Visser. It sil noch in pear jier duorje foar't it safier is. Aktiviteiten wurde der no al wol organisearre. Lykas de Kleasterkuier, alle woansdeimoarns om healwei tsienen.
http://nijkleaster.nl/

De minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed:
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)