Buro de Vries fan 26 augustus 2012

  • Spiler wurdt laden

Wat hat Fryslân dochs in ferskaat oan bysûndere eilantsjes. Elts kin fansels de Waadeilânnen, mar der binne safolle mear. It Buro siket se dizze simmer op. Hjoed binne we yn de Morra en farre wy mei Steven Sterk nei syn eigen eilân. Ut it argyf wer in ôflevering fan "Goud op it Oerd", in harkspul mei de Fryske plysjeresjersjeur Thomas Taktyk.
Fansels is Sjouke Lousma wer ûnderweis en fersoarget Cor Waringa wer de rubryk Yn Memoriam.
We reizgje al in pear dagen troch Sweden en ha al hiel wat Friezen om utens sprutsen. Tiid om ús wat mear te ferdjipjen yn de kultuer en histoarje fan it lân.

It eilantsje fan Steven Sterk

In eigen eilân: de jongensdream fan skriuwer en boekeman Steven Sterk. Syn eigen lytse keninkryk. Sterk gie ta de beurs en kocht in eilantsje yn De Morra. Mar in pear jier letter hat er it ek al wer ferkocht. Wat barde der mei de dream? We sette foet op it eilân, op syk nei it eilângefoel fan Steven Sterk...

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Dizze wike sjogge wy nei it libben fan Catharina Brandsma van der Werf.

Thomas Taktyk

Hâlde jo ek sa fan trillers en misdiedsearjes? Hearlike kost foar de simmer. It Buro stjoert dêrom fan 't simmer in Fryske detektive út de jierren '70 út: "Goud op it Oerd". Resjersjeur Thomas Taktyk is op It Amelân...
Hear hoe't it fierder giet yn ôflevering 4: Trelit yn in tongerbui.

Underweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

In stikje Sweedske skiednis en kultuer

Aaldert en Alie de Boer nimme ús mei nei Uppsala, in studintestêd mei twa grutte universiteiten. Fan de 185.000 ynwenners binne der 40.000 studint. Aaldert wit in protte fan de skiednis fan de stêd en de streek. Sa lit hy ús ûnder oare de grêfheuvels by Galma Uppsala (âld Uppsala) sjen fan wol 1500 jier âld.

Om har studinten in thús te jaan ha hast alle provinsjes in eigen studintehûs yn Uppsala (is yn mear studintestêden sa). Sweden is in grut lân. Eartiids koenen studinten net samar even nei hûs. It hûs fan de provinsje wie in soarte fan thús fier fan hûs.

De grutste katedraal fan Sweden stiet yn Uppsala. As we binnen komme hearre we it koar repetearjen. Koaren binne hjir genôch. Kultuerûnderwiis lykas muzyk, sang en dûns wurdt stimulearre en kostet net folle. Aaldert fertelt dat de biskop moarn by har yn 'e tsjerke fan Knivsta komme sil en dat hy op it oargel spylje sil. Hiel spesjaal en we binne dan ek benijd nei syn keunsten. Letter nimme Alie en hy ús mei nei har tsjerke en spilet Aaldert foar ús in stikje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)