Buro de Vries fan 26 april 2015 11:00

  • Spiler wurdt laden

Op syk nei it iisfûgeltsje * YM * Fryslân hat wer in keunstakademy * Sjouke Lousma ûnderweis * Kollum Gerrit Breeuwsma * Koeriersters yn de oarloch

Op syk nei de iisfûgel

It giet hiel goed mei de iisfûgel. Sa goed sels dat it tal briedpearen yn Nederlân op it stuit wol boppe de tûzen leit. Hoe liket dat yn Fryslân? It Buro gie mei Gerrit Tuinstra fan lânskipsbehear Fryslân op ûndersyk út. Op in, op it earste gesicht, nochal ûnlogysk plak: it yndustryterrein fan Drachten.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries.

Fryslân hat wer in keunstakademy

Rom 20 jier lyn gongen de doarren fan de keunstakademy Vredeman de Vries yn Ljouwert ticht. Mar op inisjatyf fan byldzjend keunstner Doet Boersma komt der wer in keunstakademy yn ús haadstêd. Har Frysk Skildershûs krijt no te titel 'Kunstacademie Friesland'.

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

De kollum fan Gerrit Breeuwsma

De kollum komt dizze snein fan Gerrit Breeuwsma, ûntwikkelingspsycholooch yn Grins.

Froulju yn it ferset

As we it oer it ferset yn de Twadde Wrâldoarloch ha, ha we it meastal oer manlju. Mar ek froulju spilen in tige wichtige rol yn dat ferset. De koeriersters soargen derfoar dat der wapens, bonnen, persoansbewizen en bryfkes fan it iene nei it oare plak kamen. Ek it begelieden fan delstoarten Kanadeeske en Amerikaanske piloaten nei stêden as Utert en Antwerpen waard troch koeriersters dien. Ali van Aalderen út it Drintske Hoogeveen wie sa'n koerierster yn Fryslân.

Jûnsútstjoering: 'Nachtboek van een kerkuil'

Yn de Sneon en Snein bylage fan de Ljouwerter Krante fan 4 augustus 1990 skriuwt sjoernalist Hans Willems oer in boek dat yn eigen behear útjûn wie: ”Nachtboek van een Kerkuil” fan Bas van Gelder. Hy konkludearret: “In de beginfase van de prodctie is er contact geweest met de Friese Pers Boekerij, maar die zag geen brood in een boek dat toen nog alleen bestemd leek voor Jorwerters en oud-Jorwerters. Dat het uiteindelijke resultaat een veel breder publiek moet kunnen aanspreken, zal deze of gene misschien nog eens een licht doen opgaan”. De sjoernalist hie in foarútsjende blik, want yn 2014 hat de Friese Pers Boekerij it boek opnij útjûn. Nei in jier binne der 3500 eksimplaren ferkocht en is it boek oan de 4e printinge ta. Yn de maitiid fan 2014 makken wy in reportaazje oer it boek.

12:37 - Clout - Substitute
12:51 - Hot Chocolate - Every 1's A Winner

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)