Buro de Vries fan 25 septimber 2016 11:00

  • Spiler wurdt laden
  • De Leijen
  • Óvertuinen' oan it Vrijgevochtenwaltje yn Dokkum
  • Sjef Ed Ydema

* Tún oan 'e oare kant fan it Vrijgevochtenwaltje * 'Foar dy, nei dy', in stik oer it ferlies fan in bern. In dreech ûnderwerp mar in grut súkses * Pizzeria Pengjum: hoe om te gean mei it súkses * YM Afke Engelsma de Boer * Argyf: Jannes van der Wal * Nijsfoarum

Tún oan 'e oare kant fan de dyk

  • .

"De unieke overtuin aan het Vrijgevochtenwaltje in Dokkum moet in oorspronkelijke staat worden terug gebracht." Dat wie fannewike in berochtsje in it gemeentenijs fan Dongeradiel. Mar wat is in 'overtuin'? En hoe komt dat Vrijgevochtenwaltje oan syn bisûndere namme? De antwurden sochten we by Allard Wiersma, stêdeboukundich meiwurker fan de gemeente Dongeradiel, en yn Museum Dokkum by Ihno Dragt.

'Foar dy, nei dy"

  • De Leijen

De foarstelling "Foar dy, nei dy" is in ûnferwacht grut sukses. Alle jûnen binne al útferkocht en ek foar de ekstra jûnen fleane de kaarten fuort. "Foar dy, nei dy" giet oer it ferlies fan in bern. De twa spilers Popke van der Zee en Froukje Reitsema ha beide sels in bern ferlern en spylje yn dit stik harsels. Werom sprekt dit téma safolle minsken oan? Wy sochten in plakje yn it publyk om dat út te finen.

Ynformaasje foarstelling 'Foar dy, nei dy": http://www.deleyen.nl/home/foar-dy-nei-dy/
Ynformaasje Vereniging Ouders Overleden Kind: https://www.oudersoverledenkind.nl/

Pizza út Pengjum

  • Sjef Ed Ydema
  • .

"De bêste pizza sûnt jierren". Dat wie de konklúzje fan kulinêr resinsint Joël Broekaert ferline wike yn NRC Handelsblad. It sloech op syn besite oan 'Pizzeria Pingjum', yndie yn Penjum. En sa makke hy in goed bewarre geheim wrâldkundich. Wy fan it Buro bin ek gek op pizza; en op Penjum. Dat we reizigen nei dat leave doarpke by de ôfslútdyk om te priuwen, en om te praten mei de sjef: Ed Ydema.

Mear ynformaasje op: pizzeria-pingjum.nl

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Afke Engelsma-de Boer.

Jannes van der Wal

Juster wie it 20 jier lyn dat Jannes van der Wal ferstoar. Hy waard 39 jier âld. Jannes wie in opmerklik man. Yn 1982 waard er wrâldkampioen en mocht er opdrave yn it telefysjeprogramma fan Mies Bouwman. Nei dat interfjoe koe hiel Nederlân him.

Nijsfoarum

  • Otto van der Galiën

It nijsfoarum bestiet hjoed út: Otto van der Galiën, Alyda Norbruis en Pieter Atsma.
Otto van der Galiën is dosint oan it Friesland College en siet yn de steatefraksje foar de PVV. Nei de 'minder minder' útspraak fan Wilders, stapte hy út de fraksje en gie as ûnôfhinkelik steatelid fierder.
Alyda Norbruis is full-time sportster. Se is 2x paralympysk kampioene by it fytsen. Se jout lêzings oer sporte mei in beheining, mar ek oer wilskracht en doelen stelle.
Pieter Atsma wurket as ferslachjouwer by it Friesch Dagblad en folget de provinsjale polityk.
De ûnderwerpen dy't bepraat wurde binne: de Paralympyske Spelen yn Rio de Janeiro, de miljoenenota en de algemiene skôgings, it proses tsjin Geert Wilders en it listlûkerskip fan de PvdA.

11:12 - Monty Python - Always Look On The Bright Side Of Life
11:23 - Eric Clapton - My Father's Eyes
11:37 - Bastille - Good Grief
11:46 - Barry Manilow - Life Has It's Ups And Downs

12:11 - Rowwen Heze - Station America
12:20 - Piter Wilkens - Greideroas

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)