Buro de Vries fan 25 novimber 2012

  • Spiler wurdt laden
  • Marianne Vaatstra

Wat in wike. De saak Vaatstra hie ús wer yn 'e besnijing. We sette de feiten fan 13 jier lyn nochris op in rychje en dy fan dizze wike.

De oare ûnderwerpen fan dizze útstjoering, lytser, tichteby, mar mei leafde makke:
Cor Waringa mei in Yn Memoriam oer it libben fan Tryntsje Boersma,
Bowe Kok oer de grêfheuvel yn de bosken fan Oranjewâld
Sjouke Lousma is ûnderweis yn Bitgummole
Us kultuersnuvers sjogge yn Aldeberkeap by de eksposysje De Gerrits
En de kollum komt hjoed fan Bert Looper

De grêfheuvel yn de bosken fan Oranjewâld

Ja, wit je noch. Ferline wike gongen we mei de 85-jierige Bowe Kok op syk nei de grêfheuvel fan de famylje Bienema yn de bosken fan Oranjewâld. Mar we ferdwaalden, rekken it paad bjuster. Mei help fan twa freonlike froulju hawwe we it no dochs fûn.

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed it libben fan juf Tryntsje Boersma.

De Kultuersnuvers besjogge eksposysje "De Gerrit's"

Ien kear yn 'e moanne stjoere wy ús kultuersnuvers op paad. Dit kear ha se nei Aldeberkeap west. Yn keunstromte Hiemstra is de eksposysje "De Gerrit's" te sjen. Bylden fan Gerrit de Wilde en tekeningen fan Gerrit Terpstra. Noch oant en mei 9 desimber.

Underweis (1643)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn in petear oer gladioalen yn Bitgummole.

Kollum

Alle wiken yn Buro de Vries in kollum. Hjoed fersoarge troch Bert Looper, direkteur fan Tresoar.

De saak Vaatstra

Jannewaris 2000 makken wy in rekonstruksje fan de saak Vaatstra foar de de lânlike stjoerder RVU. In gearfetting litte wy nochris hearre. Dizze wike kaam nei 13 jier in trochbraak yn it ûndersyk. Ek in oersjoch fan de feiten fan dizze wike.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)