Buro de Vries fan 25 maaie 2014, 11:00

* It Fryske Gea bout mei natoer oan de Iselmarkust
* Trije gadingmakkers foar de Douwe Tamminga-priis
* Undernimmers oer de weryndieling yn Noardeast-Fryslân

Bouwe mei natoer

Hast nimmen fynt mear dat de natoer it bêst ôf is, as we ús der net mei bemuoie. Seker yn ús lân, kin de natoer wol wat stipe brûke fan de minsk. Mar hoe? Dat is in fraach dêr't ek by It Fryske Gea oer neitocht wurdt. Chris Bakker is haad Natoerkwaliteit by it Gea en sil dêr no tiisdei in ferhaal oer hâlde by de jiergearkomste fan dizze Fryske lânskipsorganisaasje. It Buro waard fan 'e wike al útnoege om mei Chris Bakker ris te sjen wat der al dien wurdt en wat de plannen foar de takomst binne. It wie prachtich waar doe't we Bakker troffen by It Soal oan de Iselmarkust by Warkum...

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Ate van der Werf.

Hoe komt it mei de weryndieling yn Noardeast-Fryslân? Diel 4

Stazjêre Margaretha van der Wal socht it út yn har ôfstudearopdracht foar de skoalle foar de sjoernalistyk. Yn Buro de Vries lieten we de ôfrûne wiken al trije reportaazjes hearre mei reaksjes fan gewoane ynwenners, wethâlders en de jongerein. Hjoed is it wurd oan de ûndernimmers, want ek foar de lokale ekonomy jildt dat it dêr fertsjinne wurde moat...

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

De miening fan ... Gerrit Breeuwsma

De kollum komt dizze snein fan Gerrit Breeuwsma, ûntwikkelingspsycholooch yn Grins.
www.gerritbreeuwsma.nl

Wa wint de Douwe Tamminga-priis?

De Douwe Tammingapriis is in nije literaire priis foar debutanten. Buro de Vries stelt hjoed de nominearren foar: Sipke de Schiffart, Klaas Rusticus en Ale S. van Zandbergen.

De minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed:
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)