Buro de Vries fan 25 juny 2017 11:00

* Gerben Gerbrandy oer de rol fan de polityk * It ferhaal achter it MFS It Werflân yn De Rottefalle * YM Jantsje van der Zee * Nijsfoarum mei Rieks Osinga, Anja Haga en Immie Jonkman *

Gerben Gerbrandy oer de rol fan de polityk

It ferhaal achter Multyfunksjoneel sintrum It Werflân fan De Rottefalle

Wat is no ècht moai? Da's in drege fraach. Noch dreger wurdt it as it giet om it aldermoaiste. En krekt dy fraach wurdt steld op de webside 'itmoaistefan.frl'. Uteinlik mei as doel om al dat moais sjen te litten oan gasten dy't yn 2018 nei ús provinsje komme. Oant 1 july kin it publyk noch stimme op harren persoanlike favoriten yn tsien kategoryen. Wy fan it Buro pikke der hjoed ien gadingmakker út, in 'outsider' út de groep 'publike gebouwen'. Tusken swiere konkurrinten as it monumentale stêdhûs fan Boalsert, It Ljouwerter Princessehof en it populêre Jopie Huisman-museum dûkt ek in hiel jong publyk gebou op út in Frysk doarp: it multyfunksjonele sintrum It Werflân fan De Rottefalle. En dan blyk dat in moai gebou noch moaier wurdt, as je witte wat it ferhaal der achter is.
www.itmoaistefan.frl

YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Jantsje van der Zee.

Wykoersjoch

Nijsfoarum mei Anja Haga, Immie Jonkman en Rieks Osinga

11:07 - Nina Simone - Ain't Got No, I Got Life (Groovefinder Remix)
11:28 - Sinead O'connor - No Man's Woman
11:45 - De Kast & Maaike Schuurmans - Wa't Ik Bin
12:09 - Ed Sheeran - How Would You Feel (Paean)
12:17 - Velvet Belly - Fast And Far Away

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)