Buro de Vries fan 25 jannewaris 2015 11:00

  • Spiler wurdt laden

* kultueromslach folkstunen op It Hearrenfean * Yn memoriam: Gozina van der Laan-Siebma * Nordwin kolleezje Ljouwert set learlingebemiddelers yn * Sjouke Lousma ûnderweis * kollum Gerrit Breeuwsma * de ambysjes fan Herman Schreuder mei Post Plaza * de minút fan Nyk*

Ekologysk túnkje op It Hearrenfean

Net mear aaisykje, foar in part fan de Friezen is dat net te begripen. Ad de Jong fan It Fean herkent dat gefoel: It je net foarstelle kinne dat it safier komme kin. Hy makke in fergelykbere sitewaasje mei op syn folkstún. Sûnt koart mei dêr allinne noch ekologysk túnke wurde...

Yn Memoriam: Gozina van der Laan-Siebma fan Easterein

Cor Waringa betinkt it libben fan (ûn)bekende Friezen. Hjoed Gozina van der Laan-Siebma fan Easterein.

Learlingbemiddeling op it Nordwin kolleezje yn Ljouwert

Op middelbere skoallen komt it faak foar: rûzjes tusken learlingen ûnderling. Meastal lytse konflikten, soms leit it dreger. As it eskalearret, wurdt meastal help socht by in dosint of mentor. Nét op it Nordwinkolleezje yn Ljouwert. Dêr wurde rûzjes tusken learlingen bemiddele troch oare learlingen: de saneamde learlingbemiddelers. Ek op guon oare skoallen binne learlingbemiddelers aktyf, mar it Nordwin kolleezje yn Ljouwert is eins de iennichste skoalle dêr't it suksesfol is. Tiisdei binne wer tsien nije learlingbemiddelers oansteld, nei in training fan in healjier.

Sjouke Lousma is ûnderweis

Sjouke Lousma strúnt yn Fryslân om, op syk nei moaie ferhalen fan moaie minsken.

Kollum fan Gerrit Breeuwsma

Untwikkelingspsycholooch Gerrit Breeuwsma oer de oanslagen ferline wike yn Parys en oer hoe't hy dêr yn stiet.

De ambysje fan Herman Schreuder mei Post Plaza

  • Herman Schreuder
  • Hotel Post Plaza yn Ljouwert

Miljoenen sil it kostje, de ferbouwing fan it Ljouwerter hotel Post Plaza. It tal hotelkeamers wurdt ferdûbele nei 40, en de grandeur fan it monumintale gebou moat folle sterker wurde. Mei as úteinlik doel: it moaiste hotel fan it Noarden, sûnder al te hege drompel. De ambysjes spatte der ôf. Net allinnich foar it hotel, mar ek foar de direkteur sels. Herman Schreuder, berne en opgroeid yn Snits, en oeral yn it lân al aktyf yn de hotelwrâld. No stoart er him op dit aventoer. We troffen Schreuder foar in rûnlieding yn de monumintale hal fan it eardere postkantoar oan de Twabaksmerk....

De minút fan Nyk

In ultrakoart ferhaal fan skriuwer Nyk de Vries. Harkje nei: DIRK VAN DER VEEN.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)