Buro de Vries fan 25 desimber 2014 11:00

  • Spiler wurdt laden

Famylje Zuurbier yn Frankryk

Famylje Zuurbier (1): Kees en Sytske Zuurbier

  • Nico-Jean en Stephane

Kees en Sytske Zuurbier wienen 21 en 20 jier doe't se hjir kamen. Se fertelle dat se doe krekt in healjier ferkearing hienen. Kees hie mei syn âldere broer Jaap earder al de kar makke om nei Frankryk te gean om te buorkjen. Beide broers hienen twa pleatsen kocht. Se weagen de sprong, no 24 jier lyn. Letter kamen ek de broers Jan en Jeroen nei Bretagne en fiif jier lyn sus Monique mei har gesin.
Yn dit earste part komme we yn 'e kunde mei Kees en Sytske Zuurbier op har pleats by it plakje Kergrist Moëlou yn Bretanje.

Famylje Zuurbier (2)

It ferfolch fan de reportaazje mei de famylje Zuurbier yn Bretanje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)