Buro de Vries fan 25 desimber 2013 11:00

Op earste krystdei in spesjale Buro de Vries, weryn twa persoanen sintraal stean (of eins trije).
Tusken 11:00 en 12:00 oere sykje we Orlando Bottenbley op. De Drachtster baptiste-predikant fan de Bethelgemeente. Dernei in spesjale ôflevering fan ús programmarige oer Freonskip. Wiebe Wieling fertelt oer syn bêste freon.

Orlando Bottenbley

De Drachtster baptiste-predikant fan de Bethelgemeente makket in soad los by minsken. Sawol posityf as negatyf. Dat waard dit jier noch wer ris skerp dúdlik. Sa waard er ûnderskieden as ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau, mar wie dêr ek wer in soad krityk op fanwege syn homo-stânpunt. It Buro gie mei Bottenbley op syk nei wat dizze man driuwt. Wêr't it begûn en hoe't hy him ûntwikkele. Hoe't hy mei syn 'charisma' en tsjin de tiidsgeast yn, de tsjerke wol alle sneinen fol krijt mei tûzenen minsken. Mar ek: hoe't hy him wapenet tsjin alle krityk op syn opfettings. En fansels giet it oer de krystgedachte en wat dy boadskip minsken hjoed-de-dei noch te sizzen hat.

Wiebe Wieling

Fan 't simmer makke Buro de Vries in rige programma's oer freonskippen. Twa freonen fertelden oer harren bân. Op dizze earste krystdei in bysûndere ôflevering fan dizze rige. Wiebe Wieling fertelt oer syn bêste freon. Mar we begjinne mei koarte kompulaasje fan de rige mei freonen dy't we ôfrûne simmer útstjoerden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)