Buro de Vries fan 25 augustus 2013

It giet oer freonskip dizze simmer yn Buro de Vries. Bekende Friezen stelle har bêste freon oan ús foar. Wat betsjut dizze freonskip foar beide. Yn de twadde oere "Friezen thús yn Sweden". Buro de Vries werhellet dizze simmer de moaie rige programma's oer Fryske emigranten yn Sweden.

Mirjam de With

Freonen foar it libben, in soad minsken ha se wol. Ek de feneamde Friezen. Dochs bliuwe dy eins altyd bûten de skynwerpers. Mar dizze simmer is dat oars. It Buro lûkt der op út om thús by bekende Friezen te praten oer freonskip. Mar dan mei harren bêste freon of freondinne. Hjoed regiseur Mirjam de With en har bêste freondinne.

'Friezen thús yn Sweden'

In jier lyn makke it Buro in rûnreis troch Sweden, op syk nei Fryske emigranten. Fansels binne der Friezen oeral op de wrâld te finen, mar binnen Europa is Sweden dochs wol it lân dêr't de measte Nederlanners en dus ek Friezen nei ta ferhúzje. Werom ha se Fryslân ferlitten en in nij thús socht yn Sweden? Wat lûkt har oan it lân? Wêr binne se tsjin oan rûn en wat hat har ferwachtings oertroffen? Koartsein: hat Sweden har brocht wat se ferwachte hienen. Sjoch op ús blog: www.omropfryslan/blog/sweden

De reis levere in sfearfolle rige fan 12 programma's op. In rige dy't wy dizze simmer werhelje.

Dokter by Scania

Wim en Monique Liethof hiene earder in húsdokterspraktyk yn Harns. Tsien jier ha se ek yn Oskarshamn in praktyk hân en doe waard Wim frege om by de medyske tsjinst fan Scania te kommen. Nei de lunch mei smörgastatorta hat Wim in rûnlieding regele troch it fabryk. Ien en al grutte robots om ús hinne. Scania wurket fanút trije wearden: de klant stiet foarop, respekt foar elkoar en gjin fergriemen fan materiaal. Dizze filosofy kin de meiwurkers lêze op it boerd midden yn it fabryk, dêr't 2500 minsken wurkje. Fierder sjogge we yn de ferskillende hallen grutte buorden dêr't te lêzen is hoe't de produksje is, oft se achter rinne en hoe faak se stoppe ha om in flaterke yn it wurkproses te werstellen. Alles stiet op grien en dat betsjut dat it goed giet. Even letter is it stil, de minsken binne fuort en de apparaten stean stil: se ha sa'n 5 oant 7 minuten skoft. Even letter giet de Scania masine wer fierder. We binne ûnder de yndruk fan wat we hjir allegear sjogge.

Monique Liethof har aktiviteiten stean op in leech pitsje. Se wurdt behannele tsjin boarstkanker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)