Buro de Vries fan 24 novimber 2013

Op- en/of oanmerkings, of in goeie tip? We hearre se graach! Mail nei burodevries@omropfryslan.nl

Hoe't de stoarm de wrotmûs holp

De stoarm fan in pear wike lyn hat in soad kapot makke. Mar soms smyt it ek wat op. De wrotmûs hat der foardiel fan hân. Hans Pietersma fan it Fryske Gea nimt ús mei nei de Iselmarkust. www.fryskegea.nl

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Sietse Andringa fan Jistrum.

Dinie Boogaart

In skilderij hat net altyd útlis nedich, mar diskear is it wol in tige persoanlik ferhaal. Dinie Boogard komt mei in nije eksposysje. We litte ús rûnliede yn har galery yn Nyegea. De eksposysje mei lânskippen en portretten is fan 22 novimber o/m 15 desimber.
http://www.dinieboogaart.nl/

Sjouke Lousma ûnderweis (1780)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Hjoed giet it oer mollen, guozzen en soleksen...

De miening fan...Tjalling van der Goot

Alle sneinen yn it Buro in kollum. Hjoed troch advokaat Tjalling van der Goot. http://www.ankerenanker.nl/

Dairy Campus

Studinten studearje yn Wageningen en dogge ûndersyk op de Dairy Campus yn Ljouwert. De digitale ferbining sljochtet alle ôfstannen en it kin sa mar wêze dat ek oare wittenskippers, yn bygelyks Sina of Brazilië, it melkfee yn Ljouwert via ynternet folgje. Dat gebeurt no al, mar yn de takomst sil it noch mear dien wurde.
It giet om fernijing. Want de melkfeehâlderij stiet foar de grutte útdaging om te foldwaan oan de winsken fan de konsumint. En ek de oerheid stelt hyltyd hegere easken oan de feehâlder. Dan giet it om it wolwêzen fan de kij en in feilige produksje fan de molke.
Nijsgjirrich nei al dizze ûntwikkelings gong Buro de Vries nei de Dairy Campus. http://www.dairycampus.nl/

Minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsje fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Krab.
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)