Buro de Vries fan 24 maart 2013

  • Spiler wurdt laden

Yn Buro de Vries dizze snein ûnder oare; kompost, skilderijen fan it Waad, flaters fan de plysje en 18 jier en swanger.

Fan GFT nei kompost

It liket der noch net sa op, mar as it moaie waar begint kinne we de tún wer yn! By in soad gemeenten koenen je juster al fergees kompost helje. Makke troch it kompostearbedriuw Orgaworld yn Drachten. Dêr ferwurkje se de ynhâld fan ús griene kliko's. Yn tjustere, waarme loadsen wurdt dêr kompost fan makke. Hoe wurdt griene 'rommel' kompost? Klaas Brinkman fan Orgaworld leit út.

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Jaap Tilma.

Lânskip fan it Waad

Us kultuersnuvers, Jan Veninga en Marjan Faber, ha dizze wike nei Galery Vis yn Harns west. Dêr seagen se de ekposysje "In het Waddenlandschap".
http://www.galeriedevis.com/tentoonstellingen/in-het-waddenlandschap/

Underweis 1659

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Dizze kear treft hy yn Aldtsjerk in ramptoerist. Sa fytste dy ûnder oaren nei Aldwâld om te sjen wêr't Jasper S. wenne en joech doe ek noch in ynterview oan RTL 4.

Kollum

De wyklikse kollum wurdt hjoed fersoarge troch advokaat Tjalling van der Goot.

18 jier en swanger

Mei it boek 'Iets van Mij' is Caja Cazemier nominearre foar de Prijs van de Jonge Jury. Se skreau it boek yn 2011, net wittende hoe tichtby it ûnderwerp in heal jier letter komme soe. 'Iets van mij' giet oer de 16 jierrige Nikki dy't swanger rekket. Caja har soan Friso is 18 as syn freondinne Britt him ferteld dat se swanger is. Yntusken hat Caja in prachtige beppesizzer: Julia. Mar wat wie it in heftich jier.
(De winner fan de Prijs van de Jonge Jury wurdt 17 april bekend makke)
http://www.cajacazemier.nl/
http://www.fiom.nl/home/611102e2/5/home.aspx

Minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsje fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Hamster.
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)