Buro de Vries fan 24 juny 2012

Yn Arum stiet in Indonesysk restaurant, Tandjong Priok. Om it iten dat se dêr serveare de goeie smaak te jaan, ferbouwe Sicco Gerlsma en syn frou Esther harren eigen grienten en krûden. Yn in kas, krekt bûten in doarp.

Sjouke Lousma treft in held op 'e folksktún. En de lêsklup skood aanst oan, om te praten oer it boek "De wezenlozen". It is de debútroman fan de jonge skriuwster Wytske Versteeg.

Cor Waringa fertelt oer it libben fan Gaatze Zoodsma, de 'kening fan de popmuzyk' dy't libbe yn syn eigen wrâld.

Yn de twadde oere ha we it ûnder oare oer de skiednis fan Molkwar, in doarp op 7 eilantsjes. Gerrit Breeuwsma soe wol wer ferkearing hawwe wolle. En 15 jier lyn betsjutte in konsert yn it Abe Lenstra stadion de trochbraak foar De Kast. Hoe is
it no mei de bassist fan de band?

Indonesyske griente yn Arum

Yn Arum stiet in Indonesysk restaurant, Tandjong Priok. Om it iten dat se dêr serveare de goeie smaak te jaan, ferbouwe Sicco Gerlsma en syn frou Esther harren eigen grienten en krûden. Yn in kas, krekt bûten in doarp.

YM

Cor Waringa fertelt oer it libben fan Gaatze Zoodsma, de 'kening fan de popmuzyk' dy't libbe yn syn eigen wrâld.

De lêsklup

Op de lêste snein fan 'e moanne skowd de lêsklup altyd oan. Hetty Hafkamp, Danijel Dizdarevic, Hylke Tromp besprekke dizze kear de debútroman fan Wytske Versteeg: De Wezenlozen. In Frysk boek. Wytske is politikologe, hat al in protte srkeaun mar dit is dus har earste roman.
Benijd wat de leden fan de lêsklup der fan fine!

De Wezenlozen fan Wytske Versteeg is útjûn by útjouwerij Prométheus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)