Buro de Vries fan 24 jannewaris 2016 11:00

  • Spiler wurdt laden

* Struisâlt en de gefolgen foar de beammen * Yn Memoriam Pietsje Miedema-Siderius * Noch ien kear: it Frysk Orkest * Sjouke Lousma ûnderweis * Kollum Tet Rozendal * Reedrydcoach Geert Kuiper * Us doarp

Struisâlt en de gefolgen foar beammen

  • Struisâlt by Frisia Harns

Der is de ôfrûne wiken hiel wat sâlt op de diken struid. Moai, want sa kinne wy feilich oer de dyk. Mar tefolle sâlt is foar ússels net goed, hoe sit dat dan mei de natoer oan 'e kant fan de dyk, bygelyks beammen. Om dat út te finen seach ferslachjouwer Eduard Rekker by beammefersoarger Maurits Zeinstra yn Friens.

Yn Memoriam: Pietsje Miedema-Siderius

Buro de Vries fiert it libben, want elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Cor Waringa oer it libben fan Pietsje Miedema-Siderius, berne yn Skingen, hiel lang yn Hilaard wenne en de lêste jierren yn Dronryp.

De gefolgen fan it Heare-akkoart: de fúzje ta NNO

  • Dirigint Hoite Pruiksma

Santich jier lyn krige Fryslân in eigen orkest. It makke in geweldige bloeiperioade mei oant der besunigings kamen. Minister Elco Brinkman woe ein tachtiger jierren ien Noord Nederlands Orkest. Nei it Heare-akkoart, dat sletten wie troch de kommissarissen Hans Wiegel en Henk Vonhoff, wie it yn 1989 safier. It orkest gong nei Grins en Fryslân ferlear ek it konservatoarium. Yn dizze fjirde en lêste ôflevering, yn in rige fan fjouwer programma's oer it Frysk Orkest, de gefolgen fan it Heare-akkoart.
Dizze rige is in mienskiplike produksje fan Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân. It projekt is mogelik makke troch it Media fûns fan de provinsje Fryslân.
Alle stikken yn de Ljouwerter Krante, de radiorige en de telefyzjedokumintêre binne werom te finen op de site: www.lc.nl/fryskorkest.

Sjouke Lousma is ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch Fryslân en makket in praatsje mei immen dy't er op syn reis tsjinkomt.

Kollum fan Tet Rozendal

Tet Rozendal makket teater, sjongt en dûnset. Se mei ek graach skriuwe. Har earste kollum foar Buro de Vries giet oer in date mei in ûnderbroekemodel dat neat ha moat fan Fryslân en de Friezen.

'Ik mis it trainen jaan wolris' Geert Kuiper oer syn funksje as bûnscoach

Thialf, ek al stiet it yn de steigers, sit dit wykein wer grôtfol mei de Nederlânske kampioenskippen allround en spint. Buro de Vries socht in rêstich plakje op om ris efkes by te praten mei Geert Kuiper. Kuiper wie yn de twadde helte fan de 80-er jierren in goeie sprinter, letter ried hy maratons dat hy kombinearre mei syn boerebedriuw. Hy wie sawat 16 jier trainer by Team Sanex en letter TVM. Underwilens wennet syn soan op de pleats en is hy sûnt maaie 2014 bûnscoach fan de ploege-achterfolging en it nije Olympyske ûnderdiel massastart. Fierder is er noch adviseur fan it gewest Fryslân en de kuorbalklup SCO.

Us doarp

  • Anke Schep en Paul Palmboom fan doarpsbelang Oentsjerk

Fan alle doarpen yn De Trynwâlden hat Oentsjerk eins de measte foarsjennings en dan ek noch moai tichtby inoar. Dat makket it doarp populêr by minsken dy't wat âlder binne, mar ek by forinzen. It Buro hifke ien en oar mei Anke Schep en Paul Palmboom fan doarpsbelang Oentsjerk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)