Buro de Vries fan 24 febrewaris 2013

  • Spiler wurdt laden

Hoefier sil de grûn noch sakje troch de gaswinning?
Sjouke Lousma treft in Ingelskman dy troch de leafde yn Fryslân delstrutsen is,
Cor Waringa fertelt oer de kreative Nel Burghgraef fan Frentsjer
en de kultuursnuvers ha de nijste roman fan Hanna Bervoets lêzen

De Roomske tsjerke stiet yn de skynwerpers, hielendal no't der in nije paus komme moat. In gesprek mei Gerard de Korte, biskop fan it bisdom Grins/Ljouwert.
De kollum komt fan Tjalling van der Goot en oan de ein wer in ferhaaltsje fan Nyk de Vries.

De grûn sakket...

Ierdskokken en boaiemdelgong, gefolgen troch gaswinning. Yn Grinslân bin se de skea noch oan it opnimmen. De NAM erkende it sakjen fan de boaiem, mar net ien wit wat ús noch te wachtsjen stiet. Buro de Vries gong op syk nei in saakkundige.

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Nel Burghgraef fan Frjentsjer.

Kultuersnuvers lêze Hanna Bervoets

Ien kear yn 'e moanne komme ús Kultuersnuvers Jan Veninga en Marjan Faber del. Se jouwe har miening oer in teaterstik, in film of optreden fan in band. Dizze snein bûge se har oer it boek 'Alles wat er was' fan Hanna Bervoets.

Underweis (1655)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn krûpt hy lekker by de waarme kachel yn in túnhokje.

Kollum

De wyklikse kollum wurdt hjoed fersoarge troch strafpleiter Tjalling van der Goot.

Biskop De Korte

As jonkje fan sân jier boarte hy al 'prysterke': Gerard Johannes Nicolaas de Korte. Sûnt 2008 biskop fan it bisdom Grins/Ljouwert. De Roomske tsjerke stiet folop yn de skynwerpers, hielendal no't der in nije paus komme moat. En wylst de tsjerke yn Europa swier ûnder druk stiet, troch saken as misbrûk en de opstelling yn etyske kwestjes, florearret de tsjerke krekt yn Afrika en Latynsk Amearika. It Buro gong by De Korte op besite om in byld te sketsen fan de biskop as minske en as geastlike, de reachfine grinzen tusken dy beide en syn fisy op de Roomske takomst.

Minút fan Nyk de Vries

Skriuwer Nyk de Vries makket foar it Buro hiele koarte ferhaaltsjes. Harkje nei: 'Sikehûs'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)