Buro de Vries fan 23 septimber

  • Spiler wurdt laden

Dizze wike is it 80 jier ferlyn dat de Sudersee offisjeel de namme Iselmar krige. De doe nije Ofslútdyk hat in soad feroare.
Cor Waringa fertelt yn Yn Memoriam oer it libben fan frachtweinsjauffeur Bartel Boersma. Sjouke Lousma is 'Underweis' yn Sint Anne en we ha in debat oer de takomst fan de omrop.

Gruthannel Bergsma ferhuze fan Makkum nei Fjrentsjer, in enoarme operaasje dêr't wy nijsgjirrich nei wienen. Wêr rûnen se allegear tsjin oan?
De kollum komt fan Gerrit Breeuwsma en âld-boargemaster Pieter Visser sjocht werom op it saneamde aai-smytyinsidint

80 jier Iselmar

Dizze wike is it 80 jier ferlyn dat de Sudersee offisjeel de namme Iselmar krige. De doe nije Ofslútdyk omearme it gebiet en brocht it woeste wetter ta rêst. It sâlte wetter waard swiet, eb en floed hearden ta it ferline. Buro de Vries stekt de kop yn 'e wyn en tôget mei Hans Pietersma fan it Fryske Gea nei de kust fan de Iselmar...

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed Bartel Boersma.

Underweis (1634)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn treft hy op it tsjerkhôf fan Sint Anne in man dy trije kear deis nei it grêf fan syn frou giet, mar der binne ek dagen dat hy noch faker giet.

Gerrit Breeuwsma

De wyklikse kollum komt hjoed fan ûntwikkelingspsycholooch Gerrit Breeuwsma

Fan Makkum nei Frjentsjer

De 100 jier hat Bergsma krekt folmakke yn Makkum. De gruthannel is yn july fan dit jier ferhuze nei Frjentsjer, nei de eardere meubelfabryk Bylsma oan de Edisonstrjitte. Yn trije wykeinen is alles oerbrocht nei de nije lokaasje dy't fiif kear sa grut is as yn Makkum. Troch omsetgroei en oernames wie it âlde gebou yn Makkum fierstente lyts wurden. Op 17 july wie de boel oer en stiene de tûzenen artikels foar kantines, hoareka en skoallen yn de nije stellings. Gefolch wie wol dat Makkum goed 100 arbeidsplakken kwytrekke en it waard hiel stil op de rûnwei. De wite bestelbuskes en de grutte frachtweinen dy't de hiele dei trochrieden, binne der ek net mear. Lang net alle omwenjenden oan de Oliemolen yn Makkum binne der bliid mei.

Hoe is it no mei...

    Fan 'e wike binne de earste brieven de doar útgien foar it DNA-ferwantskipsûndersyk, om de moard op Marianna Vaatstra dochs noch op te lossen. Sa'n regionaal ûndersyk hat doel, om't de dieder dêr nei alle gedachten socht wurde moat. Dat wie direkt nei de moard, yn '99, wol oars. Doe seach de regio benamme nei it AZC, yn Feankleaster. Yn de heech oprinnende diskusje waard boargemaster Piet Visser fan Kollumerlân op in gegeven stuit sels letterlik it mikpunt by it saneamde aai-smiters-ynsident.
    Fan 'e wike sochten we âld-boargemaster Visser nochris op.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)